De skoallen begjinne moandei wer

augustus 25, 2019 09:29

Op moandei 26 augustus sille de basisskoallelearlingen yn it noarden fan Nederlân wer nei skoalle ta. Mei de kampanje ‘De skoallen binne wer begûn’ wurdt folwoeksenen frege rekken te hâlden mei bern dy’t nei in lange fakânsjeperioade wer it ferkear yngean. Dat is foar elkenien efkes wennen, foar de bern ek. Dêrom is it wichtich om foaral no skerp te wêzen op bern yn it ferkear. Der binne dan ek buorden pleatst by ferskate ynfalswegen en skoallen om automobilisten dêrop te attindearjen.

Ofbylding: VVN

Wêrom de aksje ‘De skoallen binne wer begûn’?
Fuort nei de simmerfakânsje falle der ûnder fytsende skoalbern spitigernôch hast twa kear safolle ferkearsslachtoffers as yn de rest fan it jier. De ynstek fan de kampanje is om dat tal werom te bringen. De measte ûngemakken barre tusken fytsers en auto’s.

Sels feilich nei skoalle ta fytse of rinne is in wichtige learûnderfining foar bern. Dêrom is it fan belang dat âlden harren bern al fan jongs ôf oan rinnend of mei de fyts nei skoalle ta bringe. Troch de deistige rûtine fan it mei-inoar nei skoalle ta rinnen of fytsen leare bern fansels gefaarlike situaasjes werom te kennen en hoe’t se dêrmei omgean moatte.

Troch bern altyd mei de auto te bringen, leare bern net sels om oan it ferkear diel te nimmen. Boppedat ferheget in protte autoferkear om de skoalle hinne de ûnfeiligens. Bern binne yn ûntwikkeling. Hja boartsje in grut part fan de tiid en hannelje ympulsyf. Dêrtroch dogge se soms ûnferwachtse dingen. Hja hawwe in langere reaksjetiid as folwoeksenen en kinne net fuortdaliks tapasse wat se leard hawwe.

Hoe kinne jo rekken mei bern hâlde?
– Ryd stadich op krúspunten ta, dan hawwe jo tiid om op ûnferwachtse situaasjes te reagearjen.
– Helje bern mei in feilige ôfstân en faasje yn.
– Wês wach op ûnferwachtse aksjes fan bern: sjoch nochris in kear ekstra wannear’t jo yn ‘e buert fan in skoalle of fan in skoalrûte binne.
– Bring sels jo bern mei de fyts of rinnendewei nei skoalle ta.

Warskôgingsbuorden
Op de ferskate ynfalswegen en by skoallen binne buorden delset om automobilisten derop te attindearjen dat de skoallen wer begûn binne.

augustus 25, 2019 09:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.