De hiele simmer fergeze films yn Seal 2 op Flylân

augustus 1, 2019 08:54 Fernijd

Foar alle eilanners en badgasten organisearret Podium Vlieland yn gearwurking mei Steatsboskbehear, de Waadferiening en de Waadakademy yn de simmerfakânsje alle tiisdeis, tongersdeis en sneons in fergees tagonklike filmfoarstelling. By moai waar wurdt de film fertoand yn Seal 2, de iepenloftbioskoop yn ’e dunen by de jachthaven. By min waar of lege temperatueren wurdt útwykt nei de oerdutsen Seal 1 fan Poadium Flylân yn de Doarpsstrjitte (selde begjintiid, fol=fol).

Ofbylding: Podium Vlieland

Op it programma stean spylfilms en dokumintêres dêr’t echte Flylanner tema’s sintraal yn stean: de relaasje tusken minske en natuer, de ynfloed fan toerisme en de leefberens op in eilân. Tink oan films mei oerweldigjende lânskippen, spektakulêre natuerbylden, prachtige eilannen, oandwaanlike ferhalen, in soad bosk en nochal wat Waad. Alle filmbeskriuwings binne te finen yn de aginda.

En alle tongersdeis is der foardat de film begjint in fergeze lêzing of ekskurzje. De ekskurzjes begjinne by Seal 2. De lêzings en kolleezjes wurde ek yn de iepenloftbioskoop jûn (en by min waar yn Seal 1 fan Poadium Flylân).

Seal 2 fan Poadium Flylân is yn ’e bosk en de dunen neist de útkyktoer by de jachthaven (oan de wei tusken it helikopterlâningsplak en it bedriuweterrein). Waarmhâldtip: yn Seal 2 stean gjin stuollen, nim in kampearstoel (of wat oars om op te sitten) en in waarme tekken mei. En meitsje it noch geselliger mei eigen drinken. Wol graach nei ôfrin opromje en it ôffal meinimme.

De fergeze filmfoarstellings wurde organisearre troch Poadium Flylân yn gearwurking mei Steatsboskbehear, de Waadferiening en de Waadferiening, mei stipe fan de Gemeente Flylân, Rederij Doeksen en it Iepen Mienskipsfûns fan de Provinsje Fryslân.

Fan oktober ôf organisearret Poadium Flylân hast alle wykeinen in filmwykein mei hieltyd wikseljende tema’s, fan Skandinavyske thrillers oant road movies en fan Britske misdied oant sâltwetterferhalen. It seizoensoersjoch oant en mei februari is hjir re finen.

augustus 1, 2019 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.