De ferpofamtner is ynearsten noch net fuort troch efterdoarke yn wet

augustus 19, 2019 11:05 Fernijd

Foto: Stefano Bolognini / Wikemedia Commons (CC-BY-SA-2.5)

Ferpofamtners – gemeentlike trou-amtners dy’t pearen fan likens slachte net trouwe wolle – besteane noch. Der kinne sels noch nijen by komme, ek al hat de Twadde Keamer dat yn 2014 ferbean. Dat komt troch in gat yn ‘e wet dat VVD-senator Koos Schouwenaar ûntdutsen hat.

Yn 2001 krigen pearen dy’t út twa manlju of út twa froulju bestiene it wetlik rjocht om te boaskjen. Net alle trou-amtners woene lykwols lykslachtige pearen trouwe. Guon uteren sels fûl protest yn ‘e parse. De Ljouwerter trou-amtner Nynke Eringa is ien fan ‘e bekendsten fan harren. Al gau ûntstie de namme ‘weigerambtenaar’, in term dy’t sels yn ‘e Twadde Keamer yn gebrûk wie. Yn it Frysk waard dat oerset as ‘ferpofamtner’.

Yn 2014 ferbea de Twadde Keamer gemeenten om nije ferpofamtners oan te nimmen. Sittende trou-amtners mochten sitten bliuwe. Sa soene hja fansels útstjerre.

Dochs kinne der noch nijen by komme. Dat komt trochdat de wet gemeenten tastiet om minsken foar ien kear ta bysûnder amtner fan ‘e boargerlike stân te beneamen. Dat wol sizze dat hja by útsûndering it rjocht krije om twa minsken yn ‘e echt te ferbinen. Dat mei lykwols dêrnei gerêst noch in kear. Der is gjin maksimum oan it tal kearen dat minsken as bysûnder amtner beneamd wurde kinne. Dat makket it mooglik om ferpofamtners oan te hâlden sûnder dat hja offisjeel by in gemeente as trou-amtner yn tsjinst binne. Senator Schouwenaar, earder boargemaster yn Middelburch, hat it efterdoarke yn ‘e wet ûntdutsen. Dat fertelde er yn juny by syn ôfskie as Keamerlid. It is net bekend hoefolle gemeenten oft fan de mooglikheid gebrûk meitsje.

augustus 19, 2019 11:05 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.