De ein fan Fryslân wankt

augustus 6, 2019 21:28

Skôging troch Nanne Hoekstra

Lang om let doare meteorologen it oan en wyt ien spesifyk waarfenomeen oan de klimaatferoaring. De wetteroerlêst fan okkerdeis hie noch mooglik west yn ús bewende klimaat, alteast as we efkes bûten beskôging litte hoe faak oft we langer stronttrochwiet wurde, mar dat jildt net foar de Europeeske hjitteweagen fan de lêste tiid. Foar it earst yn de histoarje is der yn Frankryk in temperatuer boppe de 45 °C registrearre en Nederlân heart no by de lannen dêr’t it kwik oprinne kin oant 40 °C, sa binne wy okkerwyks gewaarwurden. Yn it klimaat fan 1900 wiene sokke hege temperatueren ûnmooglik, mar sûnt binne hjitteweagen likernôch trije graden waarmer wurden. Soks blykt út in data-analyse fan gearwurkjende waarynstituten (mei ûnder oaren it KNMI). We binne dus wer in histoaryske grins oer. Men kin jin ôffreegje oft desastreuze klimaatferoaring noch wol foar te kommen is, safier is it hinne. Benammen ek om wat der op it heden yn de Poalkrite oan de hân is. Yn Skandinavië, Grienlân, Alaska en Ruslân stean de boreale bosken yn ‘e brân. Yn Sibearië stiet sa’n 3 miljoen bunder bosk yn ljochte lôge; in oerflak like grut as België.

Brannen yn de Noardpoalkrite, © NASA

Yn juny en july is der sadwaande al 50 megaton koaldiokside ekstra yn de atmosfear bedarre; sa likernôch de jieremisje fan in lân as Sweden. Oarsaken binne hege temperatueren en drûchte. We sjogge dêr it foarseine weromkeppeleffekt yn wurking: klimaatferoaring dy’t noch slimmere klimaatferoaring bewurkmasteret. Der is gjin ried ta as it fjoer de oant foar koart ivich beferzen boaiems dêre ynslacht en it fean tefret, want sa’n grûnbrân is net mear te dwêsten. Poetin hat it oars hielendal net yn it sin en doch wat oan de brannen of oan de klimaatferoaring yn it algemien. Troch it teien fan it poaliis kriget hy skielk ommers tagong ta seeboaiemskatten dêr’t syn wiffe ekonomy wer in skoftke mei troch sokkebalje kin.

Dat, alle alaarmskillen sille no wol rinkelje, soe men tinke. Mar nee, it liket der noch net op dat it minskdom aksje yn it sin hat. Krekt oarsom, as ik it nijs fan de lêste dagen ris besjoch:

  • Us provinsjes rêde it net op en pleats harren oanpart fan de wynmûnen;
  • Noarwegen set de oaljewinning troch op hieltyd minder gaadlike plakken en jout no fergunning foar proefboarrings nei oalje yn de rike natuer fan de Lofoten, mei de kreamkeamer fan it lêste grutte kabeljaubeslach fan de wrâld;
  • Yn Sweden is de fleanskamte, dy’t dêr útfûn waard op oanrekomendaasje fan de jonge klimaataktiviste Gretha Thunberg, al wer oerwaaid, meidat reisorganisaasje TUI yn de earste helte fan july in oanwaaks fan 50 % yn reizen nei it suden konstatearre, ferlike mei itselde skoft ferline jier (doe’t it waar dêre better wie en de Sweedske kroan der minder foar stie; dat, hoefolle skamte hat der winliken west?);
  • Nationale Nederlanden stekt earst noch in heal miljard euro yn de Poalske koale-yndustry, foar’t it taseine tebekskroeven fan de ynvestearrings yn koaleminen en -sintrales pas yn 2030 syn beslach ris kriget;
  • It havenbedriuw fan Rotterdam, dat himsels affisjearret as ‘greenport’, pleitet foar útstel fan de CO2-belesting;
  • De ljochten op de grutte diken gean nachts nei in ‘proef’ wer oan, net om’t oantoand is dat it útdwaan dêrfan mear ferkearsdeaden ta gefolch hat (it is net wis wat krekt de oarsaak is fan de likernôch 15 deaden yn it jier yn it twiljocht of it tsjuster op ûnferljochte grutte diken; it is wol wis dat der yn it jier 16 deaden falle troch botsings mei ljochtmasten) mar om’t ferkearsdielnimmers allinnich mar it gefoel ha dat it mei it ljocht oan feiliger is op ‘e dyk. Dêr giet wer in knoarre ekstra broeikasgas om ‘e nocht de loft yn (1,5 % fan alle stroom is foar iepenbiere ferljochting dy’t in grut part fan de tiid foar mar in espeltsje nachtbrakers brânt). It is in beslút fan de minister dy’t it ús tastiet om 130 km yn ‘e oere te riden, blykber sûnder te ûndersykjen hoefolle ekstra deaden en koaldiokside-útstjit oft dat krekt opsmyt. En deselde minister dy’t beart dat se in list betinke sil foar in oare CO2-spuier, lofthaven Lelystêd, no’t de Ried fan Steat ôfweeft mei in boekhâldkundige trúk dy’t it oant no ta mooglik makke om gewoan troch te gean mei it útstjitten fan stikstof (dat ús lânskip ferrinnewearret).

Rangoarder fan temperatuerekstremen (trijedaachske trochsneed fan deigemiddelden) yn 2019. Yn de donkerreade gebieten binne de heechste temperatueren sûnt minimaal 1950 metten. © KNMI/E-OBS

Ik kin noch folle mear foarbylden fan akseljen tsjin de enerzjy-transysje en oanhâldende klimaatfergriemerij neame, mar lit my mar ophâlde. Unbegryplik dat elkenien sa de kop yn it sân stekt. Leagenje we as maatskippij dit grouwélige probleem no finaal? Dat is net iens it gefal, want der wurdt hieltyd mear planút praat oer fiergeande oanpassingsmaatregels. Sa sirkulearret der al in senario om Seelân en Fryslân mar oer te jaan oan de see. Dat is net sa nuver fansels. It fokussearjen op it behâld fan ‘de festing Hollân’ is in bewende strategy yn eardere krisissituaasjes. As der keazen wurde moat, winne de geaen mei in hege ekonomyske wearde it. En dan wreekt him it feit dat Friezen minder oer harren heitelân te fertellen ha as Nederlanners.

Besjoch it Nijsargyf Klimaatferoaring.

augustus 6, 2019 21:28
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. pyt jon sikkema augustus 7, 14:20

    yn ferbân mei wetteroerlêst fyn ik, dat der goed neitocht wurde moat oer it oanlizzen fan akwadukten yn stee fan brêgen. en hielendal spoarbrêgen soe ik net ôfskaffe: it spoar wurdt tige wichtich yn wetteroerlêst-sitewaasjes.

  2. Hâns JW augustus 7, 22:50

    Mei it rapport fan de Club van Rome fan 1972 is spitigernôch praktysk neat dien, alteast neat dat makket. Oan wa’t no noch tinkt dat de klimaatferoaring noch te kearen is soe ik sizze: dream moai fierder! Fansels moat noch besocht wurde en kear it safolle mooglik op. Mar tagelyk of eins yn it foarste plak moat it belied rjochte wurde op: hoe kinne wy der mei libje en wat moat dêrta dien wurde.

  3. Eric augustus 12, 12:21

    Doch jim auto fuort, en gean net mear nei it bûtenlân op fakânsje! Ja, jo ek, Nanne Hoekstra! Want wa’t oaren de maat nimt, moat sels it goeie foarbyld jaan.

  4. Jaap Slager augustus 12, 18:01

    Ut de reaksjes wurdt wol dúdlik hoe´t de bewustwurdingsflage der by hinget – mei de klam op hinget.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.