Bywurke: Brazilië akseptearret dochs G7-jild, mar ûnder betingsten

augustus 27, 2019 08:41

It Braziliaanske regear wegeret de miljoenehelp fan de G7-lannen foar it bestriden fan de Amazônebrannen. Op de G7-top yn Biarritz beaen de Feriene Steaten, Japan, Dútslân, Frankryk, Italië, it Feriene Keninkryk en Kanada achttjin miljoen euro oan.

Foto: pixabay.com

It Braziliaanske ministearje fan Bûtenlânske Saken seit dat Frankryk him earst oan de ôfspraken yn it Klimaatakkoart fan Parys hâlde moat foar’t it mei “oerstallige inisjativen” komt. De Brazilianen wize derop dat yn it Klimaatakkoart miljarden ûnthjitten wiene om ûntbosking tsjin te gean, mar dat “dy ôfspraken net neilibbe wurde”.

Presidint Bolsanaro sei nei it bekendmeitsjen yn Biarritz: “As ien jin helpt, wolle se der meastal wat foar werom”. It Braziliaanske regear fynt alle omtinken foar de brannen tige oerdreaun. It is gewoan it drûge seizoen en dan binne der altyd brannen, dat is net tige bysûnder, stelt it regear. NASA hat lykwols sein dat it de slimste brannen binne sûnt 2010.

Minister Onyx, rjochterhân fan presidint Bolsonaro, suggerearret no dat it G7-jild better brûkt wurde kin “om Europa wer te beboskjen”. En dat de Frânske presidint Macron de Brazilianen net it leksum opsizze moat, “om’t er net iens de brân yn de Notre-Dame foarkomme koe”. No’t Bolsonaro de miljoenen oan help wegeret, is it de fraach oft de Brazilianen genôch jild hawwe om it fjoer te bestriden. Bolsonaro hat it leger ynset yn ’e striid tsjin de brannen.

Bywurke woansdei 28/8 08.00 oere: Bolsonaro akseptearret dochs bûtenlânske help by it bestriden fan de boskbrannen, mar allinnich as it lân sels oer it jild beslisse mei. “It Braziliaanske regear stiet iepen foar finansjele stipe”, lit in wurdfierder fan de presidint witte. “It Braziliaanske folk sil folsleine sizzenskip oer it jild krije.” Buorlannen Perû en Kolombia hawwe oproppen ta in topgearkomste mei lannen út de regio oer de boskbrannen. Dy gearkomste moat op 6 septimber holden wurde yn de Kolombiaanske stêd Leticia.

augustus 27, 2019 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.