Brân op skûtsje De drie gebroeders (bywurke)

augustus 14, 2019 12:24

Der is by Ychten brân ûntstien op it skûtsje De drie gebroeders fan skipper Harmen Brouwer. It fjoer sit oan de efterkant fan it skip. Der wurdt besocht om it fjoer te bestriden. Op it momint dat de wedstriid yn de klasse C klear wie en it seil nei ûnderen helle waard, is de brân ûntdutsen. Der kaam in soad reek by frij.

De brânwacht waard ynskeakele. De ruten waarden ticht hâlden, sadat der gjin soerstof by it fjoer komme koe. Ien persoan hat reek ynazeme en wurdt troch ambulânsepersoniel ûndersocht.

Skipper Harmen Brouwer is oanslein troch de brân op syn skûtsje. “Panyk is in grut wurd, mar je skrikke je hielendal wezeleas. Ien bemanningslid hat reek ynazeme en krige dêrnei gjin lucht. Doe rekke er út de tiid en foel hy om. Wy hawwe krekt heard dat alles goed mei him giet, mar hy wurdt noch fierder ûndersocht.”

It skûtsje sels hat aardich wat skea oprûn. Om de brân út te meitsjen waard it skip folpompt mei wetter. Twa fokken fan it skip binne troch de brân ferwoaste.

“It is in dikke bende binnen”, seit Brouwer. Dochs ferwachtet er dat se tongersdei wer sile kinne. “Wy kinne twa fokken fan it Hearrenfean krije. Ik hoopje dat se dat reglemintêr tastean. Wy wolle wol moarn gewoan wer sile. Dan gean wy de hiele nacht mar wer troch, mar wy sile moarn wol!”

Boarne: Omrop Fryslân

augustus 14, 2019 12:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.