Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 29

augustus 22, 2019 08:03

Brussel en Fryslân

Kollum

Faak bin ik net yn Brussel te finen, ek al binne enerzjy en klimaat nochal Europeeske sakem. Mar soms moat it er dan dochs fan komme. Fan ’t simmer wie ik op útnûging yn Brussel om dêr wat te fertellen oer de Alwewegetocht. Yn 2018 waard hiel Fryslân oproppen om twa wike te riden of te farren sûnder fossile brânstoffen. Dat wie betocht troch in grutte groep studinten út Fryslân. Yn july 2018 wie it safier en mear as hûnderttûzen Friezen hawwe deroan meidien.

Yn Brussel wie it ek opfallen, want we binne mei dat projekt nominearre foar in Europeeske Enerzjy Award yn de kategory Engagement. Ik moast dat wurd fansels efkes opsykje. It blykt ferloving of belutsenheid te betsjutten. Gjin gekke kategory om yn nominearre te wêzen. Want: der wie in grutte belutsenheid, suver in ferloving! Safolle bedriuwen, skoallen, gemeenten, doarpen en oare ynstellingen dy’t meidien hawwe. Boppe ferwachting!

En dat is dus sels yn Brussel opfallen. Op 18 juny waard de winner bekend makke en… wy waarden twadde! De deis dêrfoar mocht ik foar 22 Europeeske stêden in presintaasje jaan oer dyselde Alwewegetocht.  De Europeeske Kommisje wol graach dat oare stêden of gebieten itselde dogge. Dus in moaie gelegenheid om dat op ’e kaart te setten. De reaksjes wiene prachtich. De oanwêzigen koene har hast net foarstelle dat sa’n idee yn harren stêd of regio wurkje soe. De minsken út Finlân soene it graach wolle, mar se sjogge it der net fan kommen. Finnen dogge net in soad mei-inoar, seine se sels. De man út Sweden tinkt dat der in moaie kâns is om it te keppeljen oan it momint dat de gekke Friezen de Alvestêdetocht op redens yn syn gemeente ride. De Spanjerts wenje sechstich km fan Barselona ôf en soene it graach wolle, mar it sil yn Spanje net wurkje… Safolle entûsjasme sjogge se yn harren regio net sitten. Se kenne net ien dy’t soks foarinoar kriget.

Foto © Bouwe de Boer

Eigentlik is it in grut komplimint foar ús regio. Wy binne dus wol by steat om ‘gewoan’ soksoarete saken mei-inoar te dwaan. Soms is it efkes nedich om nei Brussel te gean om te ûnderfinen hoe bysûnder oft Fryslân wêze kin.

En dy Alvewegetocht yn Europa? Dy komt der grif wol, mar dat sil noch wol in skoftsje duorje!

PS: Oeral yn Brussel, op alle hoeken fan de strjitte, steane elektryske autopetten. Mei in app binne dy ienfâldich te brûken. Prachtich om te sjen, al dy stille autopetten yn de stêd. Flugger as in taksy, makliker as fytsen. It is dúdlik, de mobiliteit is hurd oan it feroarjen! Datselde sille wy Fryslân sjen: de dielauto komt op. Wedzje dat der binnen in jier in elektryske dielauto stiet in Grou, Akkrum en Reduzum? En Wurdum ek? Grif!

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.
augustus 22, 2019 08:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.