Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 28

augustus 9, 2019 19:02

Giele trui foar Fryslân?

Kollum

Om it Nederlânske hjitterekôr út ’e wei te gean, binne wy foar de fakânsje ôfsakke nei Bretanje yn Frankryk. Dat dogge wy net foar de earste kear yn ús auto op griengas. Altyd aardich om dan ek efkes oer de grins te sjen nei wat oare lannen mei skjinne enerzjy dogge.

Frankryk hat in folslein oare enerzjyfoarsjenning as Nederlân. 75% fan de stroom bygelyks wurdt dêr wûn troch 58 kearnsintrales. Yn Nederlân hawwe we noch mar ien sa’n sintrale en dy wurdt oer tsien jier sletten, is it plan. Frankryk sil santjin slute om te foldwaan oan de ôfspraak om de 75% tebek te bringen nei 50%. De kommende fiif jier moatte fiif grutte wynparken op see realisearre wurde. Presidint Macron makket dêr gjin geheim fan dat er dat ek fan doel is.

Griengas yn Frankryk
De reis nei Bretanje begjint fansels mei een tankhalte foar griengas yn Swol. Dat gloednije stasjon is it hûndertfyftichste yn Nederlân. Dy binne de lêste tolve jier boud. Dêr steane njoggentjin fan yn Fryslân. No kinne wy wer 330 km fierder en sille wy wer tanke moatte yn België. Op ús griengas-app sjogge wy ta ús benijing dat der yn België tsientallen tankstasjons bykommen binne! In Belgyske tanker leit út dat der sûnt twa jier in stimulearringsprogramma is, dat fan gefolgen wurdt der dêr ek hieltyd mear op griengas riden. Mar dan wol op syn Belgysk: allinne yn it Flaamske part! Logysk net…?

Wy witte dat it yn Frankryk wat lestiger is mei griengastankstasjons, mar aldergelokst fine we ien fuort oer de grins mei België. De folgjende halte is Le Havre, seit ús app, mar spitigernôch… op in yndustryterrein en bûten wurking. It blykt de lêste kâns te wêzen. Fierder is yn Bretanje gjin griengas mear te krijen, dat we moatte fierder op benzine. Dat is ús de lêste acht jier net mear oerkommen. Der moat fan ’e wike mar in mailtsje nei Macron…

Sinne yn Frankryk
It is opfallend dat de huzen yn Frankryk suver nea sinnepanielen of sinneboilers hawwe. Sinneparken lykas yn Dútslân sjocht men hjir ek hast net. Dat is wol frjemd as je betinke dat wy krekt om it grutte tal sinne-oeren nei Frankryk ôfreizge binne. Dêr is fansels wol in ferklearring foar en lykas altyd hat dat mei jild te krijen. De stroom yn Frankryk is folle goedkeaper as yn Nederlân. Dat betsjut dat sinnepanielen har hjir net gau weromfertsjinje en Frankryk hat gjin saldearringsregeling sa’t wy dy yn Nederlân al jierren hawwe.

Doelstelling
Frankryk hat yn it akkoart fan Parys ôfpraat om yn 2022 23% enerzjy duorsum te winnen. No is dat noch 16%. Dat wurdt noch in drege put! Foaral as men ris besjocht hoe’t it der op it stuit hinne leit: yn twa wike tiid hawwe wy trije elektryske auto’s sjoen, trije huzen mei in pear sinnepanielen, wol aardich wat wynmûnen yn Bretanje, amper oplaadpeallen, gjin griengastankstasjons, hast gjin Frânsen op ’e fyts… De oanpak yn it iene en oare lân is wakkere ûngelyk, dat is wol dúdlik.

Hjir yn Saint-Malo is ien fan de grutste wetterkrêftsintrales fan it lân. Mei in ferskil fan mear as tsien meter tusken eb en floed is in protte stroom te winnen. Sjoch, dêryn binne de Frânsen, krekt as de Sweden en de Noaren, ús fansels fierwei de baas.

Wedstriid
Nederlân bongelet al jierren ûnderoan yn de listjes fan hoemannichte skjinne enerzjy. Frankryk stiet yn de middenmoat. Dochs haw ik it gefoel dat wy Frankryk de kommende jierren ynhelje. It libbet yn Nederlân, en yn alle gefal yn Fryslân, mear ûnder de minsken. Yn Frankryk is it folle mear in oerheidsrol. De Frânske oerheid striidt ek tsjin de giele heskes, en dat is net handich om de giele trui te bemasterjen.

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.
augustus 9, 2019 19:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.