Boeren mjitte sels dei- en nachtflinters

augustus 20, 2019 09:45

LTO Noard, BoerenNatuur en de Vlinderstichting begjinne in unike gearwurking en ûntwikkelje mei-inoar in monitoaringsprogramma. Boeren monitoarje dêrby sels flinters en ynsekten yn it agrarysk gebiet. It mjitnet yn ûntwikkeling hjit it BIMAG, it boere-ynsektemjitnet agraryske gebieten.

Foto: pixabay.com

Tiisdei 27 augustus is it offisjele startskot fan it projekt mei in gearkomste yn Lelystêd.

Yn 2017 is út mearjierrich ûndersyk dúdlik wurden dat de soarten ynsekten en benammen de biomassa fan ynsekten yn de ôfrûne jierren gâns ôfnaam is. Frijwol alle yn Nederlân beskikbere trends fan ynsekten binne foar it grutste part basearre op waarnimmings út natuergebieten. Dat wie foar LTO Noard, BoerenNatuur en De Vlinderstichting reden om te sjen hoe’t dêr feroaring yn brocht wurde kin en mei-inoar BIMAG te ûntwikkeljen.

Boeren yn Nederlân sille sels mjitte
Bouboeren, túnkers, melkfeehâlders, fan gongber oant biologysk, ferspraat oer hiel Nederlân dogge mei. Hja sette útein mei it sels mjitten fan dei- en nachtflinters, mei help fan in telrûte en in Led-amer. Der wurdt in kearmannich in Led-amer pleatst en de fongen nachtflinters út de amer wurde teld en fotografearre.

Mear ynformaasje?
Hawwe jo in fraach of binne jo ynteressearre yn ynsektemonitoaring en wolle jo mear ynformaasje oer it projekt BIMAG? Stjoer dan in e-mail mei jo kontaktgegevens nei spietersen@ltonoord.nl. It projekt rint oant desimber 2019.

Sjoch ek op www.ltonoord.nl.

augustus 20, 2019 09:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.