Bivakmûtse fersus boerka: wat docht de plysje?

augustus 12, 2019 19:57

Op 1 augustus is it bedekken fan it antlit yn Nederlân op guon plakken ferbean. Foarbylden fan sokke plakken binne it iepenbier ferfier, skoallen, plysjeburo’s en sikehûzen. Op ‘e dyk en op stasjons mei it wêzen wol bedutsen wêze.

Ferskate oerheden diene de ôfrûne tiid te witten dat hja net folle ferlet hiene fan hanthavening fan it nije ferbod. Ferfiersbedriuwen seine ek dat hja neat dwaan soene as der ien mei in boerka ynstapt wie. In boerka is in doek dy’t oer de holle en it boppeliif hinget en allinnich de eagen frijlit. Soms binne de eagen ek noch efter in kanten doekje ferstoppe. Underskate minsken probearren de regel en hja koene yndied ûnbehindere mei trems reizgje en yn sikehûzen omrinne.

Wylst op in oar plak yn De Haach in demonstraasje tsjin it ferbod wie, tocht in ynwenner fan dy stêd dat it ek wolris nijsgjirrich wêze soe om nei te gean oft de plysje wol hanthavenje soe by oare gesichtsbedekking as boerka’s. Dat soe nammentlik rjochtsûngelykheid betsjutte. Omdat der op it Haachske sintraal stasjon ek froulju yn boerka omrûnen, en dat mei, die hy itselde mei in bivakmûtse op. Hy hie fierder in mouhimd oan mei dêrop de wurden Tommy Robinson, de ynternetnamme fan in Britske sjoernalist dy’t in pear wike lyn yn Leeds arrestearre is foar it filmjen fan fertochten dy’t in rjochtbank út rûnen.

De Haachske man, fan wa’t allinnich de foarnamme René bekend is, waard troch de plysje op it stasjon oppakt en meinommen nei it buro ta. Earst krige er te hearren dat er in oertrêding begien hie. Letter waard sein dat er him sels skuldich makke hie oan in misdriuw, om’t de bivakmûtse foar panyk soargje kinnen hie. Mar op it lêst liet de plysje him sûnder oanklacht wer gean en waard buorkundich makke dat de arrestaasje in fersin wie. De plysje skreau op Twitter dat it net nuver wie dat de plysje immen oanspruts dy’t mei in bivakmûtse op op it stasjon omrûn. It berjocht stiet hjirûnder. Dêrûnder stiet in twadielige fideoreportaazje fan UPNL oer de aksje fan de Haachske René.

augustus 12, 2019 19:57
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Abe augustus 12, 20:56

    Bravo, redaksjetiim. Yn kombinaasje mei dat titeberjocht wer hiel wat F(r)ys(k) âldereinhûsfermeits sûnder nivo hjoed, chapeau. Ek wer courtesy fan GeenStijl?

  2. Sybren augustus 14, 12:00

    Fryske media moatte net meigean yn it Rânestêdlike tinken en wat dêr spilet. Iens mei @Abe dat ItNijs har better op oare saken rjochtsje kin.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.