Bekende minsken yn it nijs troch aksjes fan harren bern (bywurke)

augustus 14, 2019 15:33

It nijs dat de soan fan de Amsterdamske boargemaster Femke Halsema oppakt is, hat foar gâns diskusje soarge. De Telegraaf makke it fannacht buorkundich en skreau dat meiwurkers fan plysje en justysje de opdracht krige hiene om it stil te hâlden. In plysjewurdfierder ûntstriidt dat en de plysje ûndersiket wa’t de ynformaasje oan De Telegraaf trochjûn hat.

It Nijs frege him ôf hoe ûngebrûklik oft it is dat nijsmedia mooglik yllegale hannelings fan minsken yn ferbân bringe mei in bekende heit of mem. Dat blykt tige gebrûklik te wêzen. Hjirûnder steane in stikmannich links nei artikel dêr’t yn de kop of op in oar prominint plak yn in nijsberjocht de âlder oanhelle wurdt, wylst dy der neat mei út te stean hie. It binne allegear berjochten fan Nederlânsktalige media út Nederlân en Flaanderen. Troch op de namme fan it nijsmedium te klikken krije jo it oarspronklike berjocht te sjen.

Soan fan Frits Bolkesteinn skuldich oan steunfraude. (Trouw, 1994)

Soan Gadaffy betrape op gebrûk fan doping. (Trouw, 2003)

Dochter Bob Geldof betrape by drugsdeal. (Trouw, 2008)

Soan Dennis Hopper beskuldige fan ferkrêfting. (AD, 2012)

Soan Michael Douglas betrape op drugs yn finzenis. (Nu.nl, 2013)

Soan Ronnie Brunswijk oppakt mei drugs. Brunswijk oer syn soan: ‘Ik vind het jammer dat Elton geen rekening heeft gehouden met mijn functie.” (It Parool yn 2014)

Soan Michael Jackson falsk beskuldige fan wraaksucht. (Het Nieuwsblad, 2014)

Dave Roelvink, de soan fan sjonger Dries Roelvink, wurdt beskuldige fan juwielestellerij yn in wente yn Amsterdam. (AT5, 2014)

Dochter fan Barack Obama betrape mei joint. (HLN, 2016)

Soan fan Madonna oppakt om wyt. (Welingelichte kringen, 2016)

De soan fan âld-presintatrise Manon Thomas is arrestearre. Hy soe syn faam mishannele hawwe. (Linda, 2016)

Soan Ivo Niehe beskuldige fan stellerij. (Story, 2017)

Sa heit, sa soan: Rumsas junior betrape op doping. (Sporza, 2017)

18-jierrige soan No Surrender-baas Kuipers oppakt om oanjefte twa slachtoffers yn Emmen. Neffens syn abbekaat is de beskuldiging ûnterjochte. (Dagblad van het Noorden, 2017)

Soan fan Henk Kuipers sit fêst. (NPO3, 2017)

Soan Jean Claude van Damme bekent bluodderige bedriging. (De Telegraaf, 2018)

Soan Cindy Crawford betrape mei slok op efter it stjoer. (RTL, 2019)

Malia, de 20-jierrige dochter fan Barack en Michelle Obama, is sjoen mei in flesse wyn, wylst hja offisjeel te jong is om te drinken. (Panorama, 2019)

Malia Obama, de 20-jierrige dochter fan it eardere presidintsechtpear Barack en Michelle Obama, is fannijs yn opspraak kommen no’t foto’s omgeane dêr’t hja alkohol op drinkt. Dat mei yn de Feriene Steaten earst op jins 21ste. (De Gelderlander, 2019)

Soan Lionel Richie oppakt om bomdriging. (Panorama, 2019)

De 21-jierrige soan fan it Mechelske N-VA-gemeenteriedslid Melikan Kucam bliuwt oanhâlden yn it ûndersyk nei gesjoemel mei fisums. (Het Nieuwsblad, 2019)

augustus 14, 2019 15:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.