Ashton Brothers – fleurigens mei pine

augustus 5, 2019 09:37

De Ashton Brothers binne mei harren sirkuseftige fariétee in unyk selskip yn it Nederlânsk teaterlânskip. Regisseur Marcel de Vré folge harren kreative ûntwikkeling al jierren mei de kamera. Hy seach de súksessen en mislearrings, de freonskip en brekken yn de groep en it resinte ôfskie fan Pepijn Gunneweg, ien fan de kaaifigueren.

Hoe gean se sûnt fierder? De ôfspraak wie dat se ophâlde soene nei it fuortgean fan Pepijn. Yn stee dêrfan lykje se harren wei no pas echt fûn te hawwen. Wêr leit harren grins? Moat it hieltyd gefaarliker?

De reportaazje oer de Ashton Brothers is te sjen yn Het Uur van de Wolf op moandei 5 augustus om 14.20 oere op NPO 2.

augustus 5, 2019 09:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.