ANWB kriget plombrief Ried fan de Fryske Beweging

augustus 9, 2019 07:42

De Ried fan de Fryske Beweging stjoert gauris plombrieven nei persoanen of ynstânsjes dy’t it Frysk brûke. Dizze kear is it de ANWB dy’t in plombrief kriget. Dat is om it simmernûmer fan de Kampioen.

De ANWB joech dat ledetydskrift dit jier foar alle provinsjes in eigen omslach mei. Foar Fryslân waard dêr it Frysk ek foar brûkt. It omslach ‘Simmer yn Fryslân’ kaam ta stân mei koarte Fryske oantsjuttingen fan artikels yn dat tydskrift. Mei de plombrief bringt de Ried syn wurdearring foar dat dwaan ta utering.

De Ried is altyd ynnommen mei minsken en ynstânsjes dy’t it Frysk logysk en goed brûke. It makket de ANWB in foarbyld foar oaren. De Ried tidiget derop dat de ANWB it Frysk faker brûke sil, sawol yn syn tydskriften as yn de iepenbiere romte.

De brief is hjir te lêzen.

augustus 9, 2019 07:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.