Anneke Harting en Hiske Wiersma eksposearje by Galery Bax Kunst

augustus 17, 2019 09:07

De Fryske keunstneresse Hiske Wiersma eksposearret foar it earst solo yn Snits, wylst it foar Anneke Harting in waarm wersjen is.

Keramyk, tûzenen jierren âld en tagelyk ivich jong

Wurk fan Anneke Harting (foto: Bax Kunst)

Al fan jongs ôf hat Anneke Harting har oanlutsen field ta it oermateriaal klaai. It moat op har 7e of 8e jierdei west ha dat in pottebakker op har legere skoalle in demonstraasje joech. Mei’t Anneke har jierdei hie mocht se nei foarren komme. In fassinaasje wie berne.

De kar om keramiste te wurden die Harting op gefoel. “Ik koe al tekenje, skriuwe, hantwurkje en mannich oare saken foar’t ik klaai ûntduts. Unferwachts kaam it op myn paad, fuortdaliks sloech de fonk oer. Lang smeulde it as in sliepende fulkaan. Ienkear útbrutsen, like de stream fan ynspiraasje net mear op te hâlden. In enoarme wikselwurking is geande tusken my en de wrâld om my hinne. Yn de rêst fan myn wurkpleats ûntstean ideeën, linen, kleuren. De plastyske klaai wurdt foarme, dekorearre en bakt oant in produkt ûntstien is dat net allinnich oansprekt, mar dat de tiid ek treast is.”

Skilderje yn fris-Fryske styl

Portret fan in stabij troch Hiske Wiersma (foto: Bax Kunst)

Hiske Wiersma folge har oplieding oan de NHL yn Ljouwert en de ABK Minerva yn Grins. De kwaliteit fan de skilderijen fan Hiske Wiersma wurdt yn grutte mjitte bepaald troch har affiniteit mei it ûnderwerp. Hja skilderet portretten fan minsken, mar leaver fan bisten. En har wize fan skilderjen makket har bisteskilderijen tige yndividueel. Yn in heldere, fris-Fryske styl leit Wiersma de uterlike skaaimerken op it doek fêst. Tagelyk stribbet se dernei om troch te kringen ta de siel fan it wêzen dat sy skilderet. “Ik moat al fuortdaliks by de earste opset kontakt mei it skilderij krije”, seit se, “as dat bart, wit ik dat it slagje sil.” Mei bisten is dat foaral eachkontakt. Dêrom dat sy de eagen, dy’t se it earst skilderet, frij detaillearre útwurket, wylst de rest mear ympresjonistysk bliuwt. Om de yntinsiteit fan it portret te fersterkjen, wurde eftergrûnen meastal abstrahearre.

Soms hellet Hiske Wiersma it bist sa ticht nei foaren ta dat der in ôfsnijing ûntstiet by de poaten/skonken, wat it kontakt mei de beskôger noch yntimer makket. Yn har nije kolleksje lit Wiersma har kenne as in folbloed koloriste. Wite skiep en swarte hynders bestean net. Wat as wyt of swart oerkomt, is yn werklikheid in melânzje fan wol tsientallen kleuren, beynfloede troch ljochtfal en omjouwing.

De eksposysje duorret oant en mei 28 septimber 2019. Sjoch foar mear ynformaasje op www.baxkunst.nl.

augustus 17, 2019 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.