Amsterdam hie yn 1477 al in boerkaferbod

augustus 14, 2019 10:41 Fernijd

Dizze moanne is yn Nederlân in ferbod ynfierd op it bedekken fan it antlit yn bygelyks plysjeburo’s en treinen. Dat helle op guon plakken wat protest út. It ferbod slacht op hast alle foarmen fan gesichtsbedekking, mar wurdt yn ‘e folksmûle ‘boerkaferbod’ neamd, nei de grutte doek dy’t otterdoks-islamityske froulju oer de holle drage.

Dochs is it net foar it earst dat sa’n ferbod ynfierd wurdt. Ferskate stêden yn Nederlân hawwe yn it ferline ferlykbere wetten hân. Yn Amsterdam waard itselde ferbod yn 1477 ynfierd. Yn 1564 waard it op ‘e nij ynfierd en yn 1572 nochris.

Froulju mei in iepen en in sletten hûch (foto: Suderseemuseum Inkhuzen)

De reden wie dat yn dy jierren de saneamde hûch wer yn ‘e moade kommen wie. In hûch (ek wol ‘húk’ of ‘huik’) is in lange doek dy’t oer de holle droegen wurdt, lykas de boerka. In ferskil is dat er ek iepen droegen wurde kin. Op ‘e ôfbylding is er op beide manieren te sjen.

De hûch wie praktysk yn ‘e kâlde winters, mar hy wie ek populêr by misdiedigers, dy’t har gau efter de doeken ferskûlje koene as de plysje deroan kaam. In misdieweach wie dan ek de oarsaak foar it ferbod fan 1564. It ferbod fan 1572 hie te krijen mei de boargeroarloch tusken protestanten en katoliken. It bestjoer fan it doe noch katolike Amsterdam woe minsken dy’t de stêd yn en út giene identifisearje kinne. As de plysje ien mei in hûch betrape, dan waard dy yn beslach nommen.

Yn de santjinde iuw rekke de hûch foar manlju út de moade. It waard doe in frouljusklaad. Stadichoan ferdwûn de hûch út it strjitbyld, mar as rouklaad hat er noch oant yn de lette njoggentjinde iuw yn gebrûk west. Op de ûndersteande fideo út 1949 wurdt in tradisjonele begraffenis neispile. De froulju rinne mei in sletten hûch mei yn de lykstaasje.

augustus 14, 2019 10:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.