Aksje om beskerming Friezen yn Dútske grûnwet op te nimmen

augustus 14, 2019 16:16

Lars Harms (foto: Lars Harms)

De oerheid moat de Friezen beskermje. Dat moat yn de grûnwet fan Dútslân komme te stean. Dat is it betinken fan de regearen fan de Dútske dielsteaten Sleeswyk-Holstein en Saksen. De Sleeswyk-Holsteinse minister-presidint Daniel Günther en syn Saksyske kollega Michael Kretschmer hawwe de Dútske Bûnsdei frege om sa’n grûnwetswiziging troch te fieren.

Neist de Friezen giet it om de Denen, de Sorben en de Roma (Sigeuners). Dy erkende minderheden wurde al beskerme troch dielsteatwetten en troch ynternasjonale ferdraggen, mar neffens de dielsteatregearen binne se sa wichtich dat de Dútske grûnwet har beskerming garandearje moat.

It idee komt fan de SSW, de partij dy’t yn Sleeswyk-Holstein opkomt foar de belangen fan de Friezen en de Denen. Fraksjelieder Lars Harms, sels Frysktalich, seit: “Yn tiden fan separatisme en etnyske konflikten yn Europa soe it in dúdlik sinjaal wêze as Dútslân dútlik makket dat minderhederjochten ek in manier binne om konflikten foar te kommen. De grûnwetswiziging soe ek in wichtige beskermjende funksje hawwe. It soe dan ûnmooglik wurde dat de steat bewust of ûnbewust besluten nimt dy’t yn striid binne mei it rjocht fan de beskerme groepen.”

augustus 14, 2019 16:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.