Aant Mulder: Ketelje op de Ketelbrêge

augustus 6, 2019 07:00

Kollum

Ketelje op de Ketelbrêge, dat betsjut dat men dêr argewaasje hat, jin dêr stiet te tjirgjen. Dy brêge, dêr ride we faak en folle oerhinne. Dat hat men as men de bern oare kant de Ketelmar yn de polder te wenjen hat. Wy ride der oerhinne salang’t dy brêge dêr leit en dat is sûnt 1970. Doe rieden we fansels noch net nei de bern ta. Dat is fan letter. Dy Ketelbrêge wie fan it begjin ôf in útkomst. Foar dy tiid rieden we earne by Kampen de Flevopolder yn en earst ek noch oer de diken it wetter bylâns. Hjoed-de-dei hoege we allinne de A6 noch mar op en del, ien grutte en hast rjochte autodyk, dy’t net allinne hieltyd koarter liket te wurden mar ek hieltyd drokker. As we op gaadlike tiden ride, ha we der net folle lêst fan. Utsein dan dy kearen dat der in ûngelok bart. Fierder komt it foar dat dy iene brêge de gong der folslein út hellet. De skeanten nei de 12,70 meter hege en 800 meter lange brêge ta binne de hege kant it neist. Dat betsjut dat dêr, as de diken glêd binne, goed struid wurde moat. As dat mislearret troch it minne waar, it drokke ferkear of troch oare omstannichheden, dan komt it foar dat frachtweinen net by dy skeanten op komme kinne en dan lit it oare him wol riede. Dat is noch wol te begripen, mar dat dy brêge hieltyd faker mar min of hielendal net iepen en ticht wol, dat kin ik mar min yn it ferstân krije.

Okker sneins wie it wer safier. De brêge woe net ticht. Files. Dat hearre we aldergeloks op tiid. Dat wy ride om oer de N50 nei Kampen om sa nei Dronten ta te kinnen. Dat is alteast de bedoeling. Dy autodyk is lykwols hielendal net op safolle ferkear berekkene. It resultaat: in file sûnder ein . Dat hiene we wol earder witte wollen. Nuver dat soks net daliks buorkundich makke wurdt. Dronten is sadwaande gjin opsje. Dat lang om let ride we oer Hurderwyk nei Almere ta. It die suver wer oan dy earste kearen fan jierren ferlyn tinken. Dat wol sizze de rûte, de files net. Dy wiene der doe net. Der is no sa folle ferkear op de A6 dat sokke mankeminten net mear lije kinne. Soks betsjut gaos en dan binne minsken raar guod! Dy brêge wurdt in hieltyd grutter obstakel yn de rûte nei de Rânestêd ta. Dat moat oars en better. De Ketelbrêge moat ferfongen wurde troch in akwadukt, in tunnel.

Dan falt it each yn datselde wurdboek op ‘ketelje’.
Dat is: slim prottelje, skelle, jin nochal tjirgje, mar ek seure en sanikje.

Hawar, dêrom skriuw ik dit stikje net iens. Nee, it giet my om de namme. Ik lies yn guon nijsartikels oer dy brêge as Tsjettelbrêge. Dat docht my ek oan lang ferlyn tinken, doe’t we dêr in kear mei ús heit en mem lâns op hûs ta riden. Ik hear it ús heit – mei de brêge yn sicht – noch sizzen: “Sa, dat sjit moai op, wy ha de Tsjettelbrêge nei it Suderleech al wer foar ús.” De Tsjettelbrêge, it duorre in tel foar’t ik yn ’e rekken hie dat ús heit it oer de Ketelbrêge hie. Hy ferfrykse dy namme gewoan. Logysk fansels. ‘Ketel’ is ommers tsjettel. Soe it sa ienfâldich wêze? De namme Ketelbrêge is ôflaat fan de Ketelmar, dat is dúdlik. Dy namme komt wer fan Keteldjip, ien fan de beide mûningen fan de Isel; de oare hjit Kattedjip. De mûningen waarden troch de nije polders langer en breder. It waard suver in hiele mar. Dy mar, no ien fan de Feluwerânemarren, krige sadwaande de namme Ketelmar. Yn dy omkriten komt it wurdsje ‘ketel’ dus yn aardich wat nammen foar: Keteldjip, Ketelmar, Ketelhaven, Ketelbrêge. Ik ha in skoftke socht mar ‘ketel’ moat dochs wol mei tsjettels, mei potten en pannen te krijen ha. Ik sykje om omskriuwingen dy’t noch wat oars betsjutte kinne, mar dat smyt net folle mear op as ketelgat en ketelbinkie. It ketelgat is de romte yn it foarûnder tusken bak- en stjoerboard foar de potten en pannen, it plak dêr’t ketelbinkie grif faak en folle tahold.

Dat ’ketel’ moat mei tsjettel oerset wurde. Foar de wissichheid sjoch ik ek noch efkes yn in Frysk wurdboek. Dêr sjoch ik nijsgjirrige dingen stean as it om tsjettel giet, mar de betsjutting is wol hieltyd tsjettel. In pear foarbylden: in tsjettelfol, in tsjettel mei wetter oersette, op ’e tsjettel slaan (jin hearre litte), op ’e tsjettel spylje (guon dingen dúdlik stelle), de tsjettel sit ticht by it fjoer (gau rekke). En wy ha fansels ek: De pot ferwyt de tsjettel dat er swart is. Dêr sizze we ornaris graach efteroan: en sy binne beide net skjin.

Dan falt it each yn datselde wurdboek op ‘ketelje’. Dat is: slim prottelje, skelle, jin nochal tjirgje, mar ek seure en sanikje. Dêr ha we ek noch wol oare wurden foar: foeterje, gnoarje, of oars wol eamelje, jeuzelje, tsjanterje om mar in stikmannich foarbylden te neamen. Ik bin nijsgjirrich nei dat tiidwurd yn it Nederlânsk. It stiet net yn it gewoane hânwurdboek, mar as ik fierder sykje yn it Wurdboek Nederlânske Taal (it WNT) fyn ik it. De betsjutting fernuveret my. Dêr ha se it oer ‘kittelen’ en ‘kietelen’ en dat is dochs wat oars as prottelje, skelle en seure. De wurdsjes keet en keetskoppe, dy’t gaos betsjutte, mar ek spul of wille, binne grif famylje fan dat keteljen. Ik moat sizze, dat ik dat tiidwurd nea earder brûkt ha, mar it komt no wol hiel aardich fan pas. Ik kin my alteast hiel goed foarstelle dat okker sneins gâns wat automobilisten foar de Tsjettelbrêge, doe’t it dêr nacht yn ’e keet wie, doe’t it dêr dus folslein mis wie, aardich sitten en stien ha te keteljen. It is dúdlik, yn de A6 hearre gjin brêgen. Der hat earder praat west fan in tunnel tusken de Swolske en Kamper Hoeke. Dy tunnel, dat akwadukt, moat der no sa gau mooglik komme. It wurdt tiid om op ’e tsjettel te slaan. Dwaan!

Foto’s: Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 3 augustus yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
augustus 6, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.