Aant Mulder: It Fûgeltsjepark

augustus 27, 2019 07:00

Kollum

It Fûgeltsjepark, sa neam ik dat rekreaasjepark op Riis noch altyd. En ik bin grif net de iennige! It wie fansels Sybrandys Fûgeltsjepark en letter Sybrandys Untspanningspark. Riis is eins net te tinken sûnder dat park en dat park net sûnder Riis. Dochs komt it der no fan. Der binne as ik it goed begrepen ha twa mooglikheden. It park hâldt op, de attributen wurde ferkocht en dat is dan de ein fan in jierrenlange tradysje. De oare mooglikheid is folle nijsgjirriger. De attributen ferhúzje nei de Hege Gerzen. Dêr set Sjerp Jaarsma him yn alle gefallen alderôfgryslik foar yn. Hoewol’t ik fansels folle leaver hân hie dat it park gewoan yn Riis bleaun wie, hoopje ik fan herten dat it krewearjen fan Jaarsma kâns fan slagjen hat.

Krekt as in protte fan jimme, ha ’k nostalgyske gefoelens as it om it Fûgeltsjepark giet. Foar myn gefoel hat it der altyd west. Dat is fansels net sa. It hat no sa’n fiifenfytich jier bestien. Dat betsjut dat, doe’t ik as jonkje fan seis of sân jier foar de earste kear yn Gaasterlân kaam der noch gjin Fûgeltsjepark wie. It wie myn earste skoalreiske. Wy giene hielendal út de Legegeaën wei nei Riis ta. Wy makken in kuier troch de Riisterbosk, boarten nei alle gedachten yn de boarterstún fan hotel Jans en poatsjebaaiden yn see. Dat skoalreiske sil ik net gau ferjitte om’t ik doe as jonkje fan it iepen plattelân ferdwaalde tusken de beammen fan de Riisterbosk. Wy ha letter gauris werom west en dêr hearden rillegau besites oan it Fûgeltsjepark by. Noch wer letter kamen we sels tichteby te wenjen. It sil fan gefolgen hân ha dat we noch in kear faker yn it Fûgeltsjepark kamen. Wy ha der mei de bern west en wer letter mei de bernsbern. Dy fine it spitich, dat it no ophâldt.

Ik ha begrepen dat de Sybrandys skoften besocht ha om in keaper te finen en dat dat net slagge is. Dat se in kear ophâlde wolle en dêrom no besletten ha om de attributen stik foar stik te ferkeapjen, falt te begripen. Dat tagelyk in hiele oare mooglikheid yn byld komt, binne we as Gaasterlanners fergulde mei. Sjerp Jaarsma syn besykjen om de attraksjes te keapjen en nei syn Hege Gerzen te ferhúzjen, wurdt breed stipe. It soe moai wêze as dat slagget. It Fûgeltsjepark as ferbinende skeakel tusken natuer, rekreaasje en fermeits op de Hege Gerzen. De kâns dat it sa komt wurdt suver alle dagen grutter. Minsken tekenje en sizze jild ta of dogge ien fan beiden. Ik begryp dat Jaarsma rûst foar dy hiele ferhuzing sa’n fiif ton oan jild nedich te hawwen. De earste ton oan tasizzingen hat er al. Dat is net min! Tagelyk moat ik begripe dat de groep dy’t by de ferhuzing en it delsetten fan de attributen helpe wol hieltyd grutter wurdt. Dat liket derop!

Kin sa’n boartersplak wol wêr’t Jaarsma it ha wol?

Likegoed tink ik dat der noch wol wat tûkelteammen binne. Dêr ha ’k noed oer. Hoe komt it mei dat plak? Kin sa’n boartersplak wol wêr’t Jaarsma it ha wol. Ik lês oer petearen mei de gemeente, dat dy posityf binne. Oft it al of net kin lês ik eins neat oer. Der sil wol op studearre wurde. Dêr hat de gemeente dan net folle tiid foar, want heal oktober moatte de attributen wol kocht wurde. Oars kinne se samar fia in feiling alle kanten út ferdwine. As der op dat stuit fan de kant fan de gemeente gjin dúdlikens is, wurde de risiko’s om troch te setten fansels wol grut. Ik sit ek yn noed oer de natuerorganisaasjes. Hoe komt it dêrmei. Fan dy kant bleau it yn ’t earstoan aardich stil. Underwilens wurdt dúdlik dat dy net sa hiele entûsjast binne. De kâns dat beswier makke wurdt, is grut en wat as dy organisaasjes gelyk krije. Dat is opnij in risiko dat faaks te grut is om de ferhuzing fan it park troch te setten.

Wa’t hjir wat langer wennet, wit dat der yn it ferline wol faker yn ferskillende gemeenterieden oer De Hege Gerzen praat west hat. Alle kearen weroan gie de diskusje oer wat dêr oan de Liemerige Wei, as it giet om natuer en rekreaasje, wol en net kin. Dat we kinne der perfoarst noch net wis fan wêze dat it park dêr wer opboud wurdt. Datselde jildt eins ek foar it jild. Dêr kinne we ek noch net wis fan wêze. Fiif ton is mear as in bytsje. It sil in heikarwei wêze om sa’n bedrach oan tasizzingen binnen te heljen. It soe samar kinne dat gemeente en natuerorganisaasjes dat earst allegearre mar wat oansjogge. Dan hoege se ommers gjin ‘nee’ te sizzen. Mar dat is fansels te negatyf tocht fan my.

Likegoed freegje ik my ôf oft mei dy fiifhûnderttûzen euro Sybrandys ûntspanningspark net gewoan kocht wurde kinnen hie. Wat der no bart is net ferkeard, mar trochgean op itselde plak hie ’k moaier fûn. Wy koene it ûntspanningspark oan de Jan Schotanuswei yn Riis fine. Wy wisten wat we dêr ferwachtsje koene. Fan Sybrandys boarters- en natuerpark oan de Liemerige Wei moat dat ôfwachte wurde. Oan ’e oare kant, it slagget Jaarsma wol om in aardich dúdlik byld op te roppen fan in net al te grut natuer- en boarterspark, dat net oan it wetter, mar moai tusken de beammen komt te lizzen. Der sil net folle fan te sjen en te hearren wêze. Soe dat kinne moatte? Ik bin benijd!

Hawar, as ik dat allegearre sa lês, dan tink ik dat it, no’t it sa knipt is, eins ek mar sa naaid wurde moat. Ik bin hielendal foar.

Foto’s © Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 24 augustus yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

augustus 27, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.