Aant Mulder: Frjemd dy talen of net

augustus 20, 2019 10:59

Kollum

Der is wat mei de frjemde talen yn it fuortset ûnderwiis te rêden. Dat waard my dúdlik út in artikel yn ’e LC fan 7 augustus oer it Dútsk dat yn ’e knipe komt.. It komt derop del dat learlingen en dus skoallen hieltyd faker oare talen, lykas Sineesk of Spaansk foar kar nimme. Ik wist eins net iens dat soks koe. It wurdt dêrom heech tiid dat ik my dêr mar ris yn ferdjipje. Al soe it allinne mar wêze om’t ik nei de fakânsje in pakesizzer yn it fuortset ûnderwiis ha en dan wol ik net as analfabeet op dat mêd oerkomme.

Ik ha my dat noch mar krekt foarnommen, as ik fan in oare kant ôf yn dyselde problematyk behelle wurdt. It wurdt dus tiid om alles op in rychje te setten. Dat krantestikje hie net skreaun wurden as it DIA (Dútsk Ynstitút Amsterdam) net buorkundich makke hie dat it mei it Dútsk yn it fuortset ûnderwiis op ’e kop ferkeard komt. Dat se dat no dogge, hat te krijen mei de learplandiskusjes yn primêr en fuortset ûnderwiis. It is neffens my allegearre begûn mei it yn 2015 fan steatssekretaris Sander Dekker ynstelde ’Platvorm Onderwijs2032’. Hy wie doe steatssekretaris fan ûnderwiis. It platfoarm kaam yn 2016 mei de advizen. Dêr stiet ûnder oaren yn dat Nederlânsk, Ingelsk, rekkenjen mei wiskunde, digitale feardigens en boargerskip ferplichte ûnderdielen wêze moatte fan it kearnkurrikulum, sis mar it kearnlearplan. It Ingelsk wurdt dêryn as iennige moderne frjemde neamd, dy’t ferplichte is.

It seit himsels dat in hiele diskusje folge en wer letter (sûnt begjin 2018) folge dêr in yngeande learplandiskusje op. Foar njoggen leargebieten waarden ûntwikkelteams gearstald mei it doel om kearndoelen en eintermen oan te passen. Oan dy wurkgroepen dogge sa’n 150 leararen en skoallieders mei. De útstellen dy’t dy wurkgroepen. dogge, kinne folge wurde op ‘curriculum.nu’. Yn maaie ha de wurkgroepen de útstellen op dy side presintearre, tagelyk mei it fersyk om dêr, foar wa’t dat wol, foar 11 augustus op te reagearjen. Dat wie ferline wike en dus is wol dúdlik wêrom’t no yn it nijs oer frjemde talen skreaun wurdt.

Eins hie steld wurde moatten dat yn in part fan it Nederlânske taalgebiet
twa talen praat en ûnderwiisd wurde, it Nederlânsk en it Frysk.

Ik sjoch op dy side dat der dus njoggen wurkgroepen binne. Ik ha benammen belangstelling foar de wurkgroepen dy’t doelen formulearre ha foar Nederlânsk en foar Ingelsk/frjemde talen. It Ingelsk wurdt neamd. De oare mooglike talen wurde beskreaun sûnder neamd te wurden. Dat binne de talen dêr’t op dit stuit in eineksamenprogramma foar is. Dan giet it om Ingelsk, Arabysk, Sineesk, Dútsk, Frânsk, Italiaansk, Russysks, Spaansk en Turks. Dat is hiel wat oars as doe’t ik in learling yn it fuortset ûnderwiis wie. Wy hiene Ingelsk, Frânsk en Dútsk. Wy koene ús sadwaande yn de buorlannen aardich rêde. Alteast dat tochten we. Dat is feroare. De wrâld om ús hinne liket Ingelsktaliger en grutter te wurden. It soe nuver wêze as dat yn it ûnderwiis net te fernimmen wêze soe. Op dit stuit is it sa dat yn de boppebou fan it primêr en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis – om my dêr mar ta te beheinen – it Ingelsk ferplichte is. Yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis moatte ien of mear moderne frjemde talen oanbean wurde. As ik nei hafû/twû sjoch dan giet it ornaris om Ingelsk, Dútsk en Frânsk. It Ingelsk is ferplichte, de oare talen net mear. Der is ien beheining. Fan Frânsk en Dútsk moat yn alle gefallen ien fan beiden keazen wurde. Dy kar en wat fierder dien wurdt hinget ôf fan learlingen en fan skoallen. Op dit stuit besjogge de wurkgroepen de ynkommen reaksjes. It einrapport wurdt op 10 oktober oan minister Slob oanbean.

Hoewol’t it allegearre wol wat in diskusje foar ûnderwiisminsken is, freegje ik my dochs ôf, hoe’t it Frysk yn dizze hiele diskusje meidocht. Sy ha it by it Nederlânsk wol oer meartaligens en dat learlingen har dêr bewust fan wêze moatte dat yn de eigen omkriten ferskillende talen en taalfarianten praat wurde. Mar oft dêr no it Frysk mei bedoeld wurdt, dat leau ’k eins net. It is spitich dat allinne mar oer Nederlânsk praat wurdt. Eins hie steld wurde moatten dat yn in part fan it Nederlânske taalgebiet twa talen praat en ûnderwiisd wurde, it Nederlânsk en it Frysk, en dat dêr foar beide talen deselde easken/omskriuwingen jilde moatte. It Frysk is ommers yn it primêr ûnderwiis en yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis likegoed in ferplichte fak.

Wa’t in bytsje op ’e hichte is, wit dat we in learplankommisje foar it Frysk ha. Yn De Haach wurdt sein dat dy kommisje itselde foar It Frysk docht as wat dy oare kommisje foar it Nederlânsk docht. Dat ferhaal doocht net. Dy Fryske learplankommisje wurket nei alle gedachten oan it nei ûnderen ta bystellen fan de kearndoelen Frysk. Foar de wissichheid sjoch ik noch mar ris op www.kurrikulum.frl. Dêr sjoch ik dat dy side keppele is oan www.curriculum.nu, de side dêr’t de útstellen steane foar al dy oare fak- en foarmingsgebieten. It is wol apart dat it Frysk dêr eins net werom te finen is. Op de Fryske side stiet dat sûnt 1 april it projekt troch de Provinsje stillein is. https://www.itnijs.frl/2019/08/ried-hat-soarch-oer-foarstellen-nij-learplan-frysk/ https://consultatie.curriculum.nu/pdf/5b16bf4a4f528/42730 Dat hat te krijen mei de begrutting. Nuver! As it ommers ien grutte kearndoelediskusje is, dan soene foar it Frysk de doelen ek op 10 oktober bekend wêze moatte. Mar dat wurdt sa neat! Hawar, der komme dus hieltyd mear frjemde talen yn byld, dy’t troch hieltyd minder minsken mei-inoar praat wurde kinne. It jout it Ingelsk sa noch mear romte, grif mei minder romte foar dy oaren talen. En it Frysk?

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 17 augustus yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
augustus 20, 2019 10:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.