76e Filmfestival fan Feneesje úteinset

augustus 29, 2019 09:24

It filmfestival fan Feneesje is woansdei 28 augustus úteinset. It festival dat offisjeel Mostra Internazionale d’Arte Cinematografica hjit, is it âldste filmfestival op de wrâld. It wurdt holden op it Lido, dêr’t men foar en nei de foarstelling in protte ferneamde minsken flanearjen of in cocktail drinken sjocht. Yn 2019 is de 76 edysje fan it filmfestival dat noch oant en mei 7 septimber duorret.

Foto: morguefile.com

Op it festival gean ûnder oare de folgjende films yn premjêre: Waiting for the Barbarians fan de Kolombiaanske regisseur Ciro Guerra, Woman fan Yann Arthus-Bertrand en Anastasia Mikova, Joker fan regisseur Scott Philip mei Joaquin Phoenix yn de haadrol, The King fan de Australyske filmmakker David Michôd en The Perfect Candidate fan de Saoedyske regisseuze Haifaa al-Mansour.

It folsleine programma fan it festival stiet op de spesjale webside fan it Filmfestival.

augustus 29, 2019 09:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.