45e Fryske Bûsboekje leit yn ’e winkels

augustus 17, 2019 09:18

Ik libje wol twa libbens, en kom dus tiid tekoart” (J.D. de Jong, 1977)

45e Fryske Bûsboekje mei poëzy oer “tiid”          

It nije Fryske Bûsboekje (2020) leit yn ‘e winkels! Dit jier is it tema: “tiid. In moai tema foar in boekje dat je it hiele jier troch yn de bûse ha. In feilich plak yn dizze digitale tiden en ynternet dat net mear sa feilich is. De direkte oanlieding foar it tema is de aktuele diskusje oer simmer- en wintertiid dy’t it kommende jier trochgiet. Wêr kieze wy foar: simmertiid of wintertiid? Wurdt 2020 it lêste jier dat wy twaris de klok fersette?

It tema ‘tiid’ lient him foar poëzy. It nije Bûsboekje befettet dêrom in bydrage fan Janneke Spoelstra. Fierders organisearret de Bûsboekjeredaksje in poëzykriich oer it tema tiid. Dichters (yn spee) wurde útnûge om in gedicht te skriuwen oer ‘tiid’ of in oar tema. Dat mei yn it Frysk of ien fan de oare streektalen dy’t yn Fryslân sprutsen wurde.

It 45e Bûsboekje waard op moandei 26 augustus by klokkemakker Tjitte Talsma yn Aldtsjerk (www.tjittetalsma.nl) feestlik presintearre; sjoch: Earste bûsboekje 2020 oerlange oan geastlik heit.

It Fryske Bûsboekje 2020 is de fiifenfjirtichste útjefte. Sûnt 1975 hawwe frijwilligers der alle jierren foar soarge dat Friezen en net-Friezen yn it Frysk harren ôfspraken en kontakten fêstlizze kinne. De earste edysje fan it Bûsboekje is dy fan 1976. Yn it begjin wie it Kristlik Frysk Selskip (KFS) de útjouwer, tsjinwurdich is dat de Ried fan ‘e Fryske Beweging.

Fan it Bûsboekje 2019 binne der wer 3400 stiks ferkocht. Sûnt de start binne der sawat 218.000 Bûsboekjes ferkocht. Dêrmei it it Bûsboekje it bêst ferkochte Fryske boek.

De ôfrûne wike is it Bûsboekje 2020 troch frijwilligers alwer rûnom yn Fryslân ferspraat. Op guon plakken bûten Fryslân is it Bûsboekje ek te keap en fia it webstek kin likegoed besteld wurde.

 

augustus 17, 2019 09:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.