3 op Reis: reizgje yn en om Nederlân

augustus 17, 2019 09:46

Yn it trettjinde seizoen fan reisprogramma 3 op Reis gean presintators Chris Zegers, Geraldine Kemper, Nienke de la Rive Box, Maurice Lede en Evi Hanssen nei in plak dêr’t 3 op Reis noch nea west hat: Nederlân. En in lyts stikje dêrbûten, want yn in nije rubryk ûntdekke sy alle wiken in ferrassend plak op minder as fiif oeren reizgjen út de midden fan it lân wei – sûnder te fleanen. Want sels mei de fyts, trein, boat of auto binne ticht by hûs fiere reizen te meitsjen. 3 op Reis is fan 25 augustus ôf om 19.40 te sjen by BNNVARA op NPO 3. Besjoch hjir in foarfilmke fan de rubryk.

Maurice Lede yn Drinte (foto: BNNVARA)

Yn de nije rubryk reizgje de presintators ûnder oare yn Nederlân nei Rotterdam en Flylân, yn België nei Ostende en Mechelen, yn Dútslân nei Kassel en it Ruhrgebiet, yn Frankryk nei Baie de Somme en yn Ingelân nei de bûtenwiken fan Londen.

Bewust reizgje
Neist dy plakken ticht by hûs, gean Chris, Geraldine, Nienke, Maurice en Evi ek troch mei it ûntdekken fan de rest fan de wrâld, op syk nei ferhalen dy’t jin reitsje en dy’t jin de wrâld hieltyd wer troch oare eagen sjen litte. Sa makket Geraldine in lange treinreis troch ûnbekend Europa, giet Nienke op paad mei nomadyske hoeders fan it Afrikaanske keninkryk Lesotho en makket Maurice  reis nei ien fan de meast ôfhandige gebieten fan Myanmar. Duorsum op reis spilet dêr in grutte rol by. Want hoe’t men reizget, wêr’t men sliept en wêr’t men yt hat ommers in direkte ynfloed op jins omjouwing. 3 op Reis lit yn it nije seizoen sjen hoe’t men dêr as reizger bewust yn kieze en griener reizgje kin.

Earste ôflevering yn Drinte, Graz en Lesotho
Yn de earste ôflevering reizget Maurice ôf nei Drinte, om yn de tinst befolke provinsje fan Nederlân in skieppehoeder te moetsjen. Hy is efkes hielendal allinnich op ’e wrâld yn in iuwenâld bosk, dêr’t er op unike wize de dei ôfslút mei in bysûndere oernachting. Geraldine trapet ôf mei de start fan in lange treinreis dwers troch Europa. Yn stee fan de populêre stêden en rûtes, kiest se just foar minder bekende bestimmings. Har earste stop is de Eastenrykske stêd Graz, in ferrassend alternatyf foar it drokke Wenen. Nienke begjint oan in reis troch Súd-Afrika. Hja set útein yn Soweto, in earme bûtenwyk fan Johannesburch. Om Soweto better begripe te kinnen en fan binnenút te belibjen, oernachtet Nienke yn it gesellige hûs fan de gastfrije Nomvuyo.

Bliuw op ’e hichte fan alle reizen en bestimmings fan 3 op Reis fia de webside of Facebook.

augustus 17, 2019 09:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.