14 septimber: 300 jier houtseachmûne De Jager en it Mûnehûs

augustus 28, 2019 08:41

Wâldsein stiet in hiel wykein lang yn it teken fan Iepen Monumintewykein. Op sneon 14 septimber stiet de feestlike jubileumfiering fan 300 jier houtseachmûne De Jager en it Mûnehûs sintraal. Op snein 15 septimber wurdt dêrby oansletten mei it jierlikse evenemint ‘Monuminten, muzyk en mear’. It hiele wykein binne alle mûnen, tsjerken en oare monuminten iepen foar besichtiging. Mei de alvestegetocht en fartochtsjes ûntdekt men histoarysk Wâldsein mei de ferhalen oer de âlde gebouwen, gloppen en strjitsjes. Alle aktiviteiten yn it wykein binne frij tagonklik.

Foto: Wâldsein Promoasje

Foto: Wâldsein Promoasje

Jubileumprogramma houtseachmûne De Jager en it Mûnehûs
Op sneon 14 septimber is der fan 10.30 oant 17.30 oere in feestlik jubileumprogramma fan de houtseachmûne De Jager en it Mûnehûs. De iepening wurdt ferrjochte troch boargemaster Jannewietske de Vries en blazersensemble Koperguod. Dêrnei binne der lêzings en presintaasjes oer de mûne doe en no. Der is iepenhûs en besichtiging fan de houtseachmûne en sylskoalle it Mûnehûs. Men kin yn ’e kunde komme mei syllessen fan de sylskoallen en der binne demonstraasjes mei maritime âlde ambachten. It histoarysk Wâldsein kin ferkend wurde mei fartochtsjes en rûnliedings.

It programma wurdt ôfsletten mei in feestlik matinee mei iten en drinken en muzyk mei in optreden fan it shantykoar De Pôllesjongers.

Mear ynformaasje fia www.houtzaagmolendejager.nl en www.woudsendonline.nl.

augustus 28, 2019 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.