Yn Napels hiene se Diego, wy hawwe Henk! 

july 26, 2019 16:20

Tongersdei 1 augustus, krekt ien wike foar de offisjele premjêre, is yn Filmteater Slieker yn Ljouwert de film fan dokumintêremakker en Oscarwinner Asif Kapadia oer Diego Maradona te sjen. Cambuurtrainer Henk de Jong fertelt foarôf oer syn ûnderfiningen mei stjerspilers en rom. It boek Henk, één met de Twaalfde Man wurdt ek sinjearre.

SCC Napoli, dat noch nea in grut toernoai wûn hat, keapet foar in rekôrbedrach de 23-jierrige Diego Maradona. Dy garismatyske fuotballer út Argentinië bringt Napels nei grutte hichte. Hy wurdt dan ek troch in protte as in god oanbidden.

De film Diego Maradona (trailerhttps://www.youtube.com/watch?v=EBTbfW5jT5k) is útsûnderlik skerp, trochdat de haadpersoan yn twa persoana’s splitst wurdt: Diego, it stille, beskieden strjitbern dat de húshâlding fan syn âlden helpe woe en dat wille meitsje woe én Maradona, de oer de hiele wrâld bekende superstjer mei foar alle dagen fan ’e wike in oare Rolex. Maradona wie in persoana dat Diego holp om mei syn rom om te gean. Yn de film is te sjen hoe’t Maradona it fan Diego oernimt. Wylst Diego him yn it skaad weromlûkt, wurdt Maradona aloan minder noflik en egosintrysker. De film fertelt in meislepemd en ûnferjitlik ferhaal oer de opkomst en ûndergong fan in grut talint.

‘In Henk we trust’
Nei trije fantastyske jierren wie yn 2015 by Cambuur de schwung derút. Trainer Henk de Jong lei der wekker fan, mar de supporters giene efter him stean en makken in megaspandoek mei de tekst: In Henk we trust. It rekke him djip. Wat wie it geheim fan de bân tusken de Tolfde Man en de trainer?

As in team min prestearret, easkje de supporters faak dat de trainer fuortgiet. By Cambuur gie it krekt oarsom. Yn it boek Henk, één met de Twaalfde Man fan Radboud Droog en Ate de Jong betanket er spandoekmakkers en stewards, de minsken yn de kassa’s en de froulju fan de kofje, de hurde kearn, de bern yn ’e rige en harren paken en beppen, dy’t faak al jierren op de tribune sitte. It is in ferhaal foar elkenien dy’t wit wat it is om jin mei lichem en siel ferbûn te fielen mei in klup. En foar trainers dy’t graach mei in man ekstra spylje.

By de fertoaning op 1 augustus kinne de besikers meidwaan oan in wedstrydsje heechhâlden op it nûmer Life is Life. De winner kriget in fleske Hooghoudt en it boek Henk, één met de Twaalfde Man, sinjearre troch de trainer sels.

De kausery fan Henk de Jong begjint op 20.00 oere en de film om 20.30 oere.
Filmteater Slieker (www.sliekerfilm.nl) sit yn it Frysk Museum, Wilhelminaplein 92.

july 26, 2019 16:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.