Wolkentheater mei ‘Birds’ nei azc’s yn Burgum en Snits

july 17, 2019 08:50

Stichting Wolkentheater komt snein 21 july mei it Simmerfestival Birds nei it azc Burgum (10.30 oere) en moandei 22 july nei azc Snits (11.00 oere). It teaterselskip soarget der al 25 jier foar dat flechtlingebern yn de simmerfakânsje in fleurige dei hawwe.

Foto: Wolkentheater

Birds
It Simmerfestival fan it Wolkentheater is in iepenloftbarren mei teater, aktiviteiten, tintsjes en flachjes yn fleurige kleuren. Dit jier is it tema ‘Birds’. Fûgels binne foar bern ynspirearjend en sprekke ta de ferbylding. It Wolkentheater organisearret om dit tema hinne ferskate keunstsinnige en sportive workshops. Oan ’e ein fan it festival spilet it selskip de nije teaterfoarstelling Birds mei gigantyske fûgelpoppen. It evenemint einiget mei in fleurige simmerdisko foar alle oanwêzigen, en fansels binne der dan ek ranja en koekjes.

Wolkentheater
It Wolkentheater spilet al 25 jier mei passy, belutsenens en oertsjûging teaterfoarstellingen foar flechtlingebern. Yn de simmerfakânsje organisearret de stichting op tsientallen azc’s it Simmerfestival, sadat dizze bern ek wille meitsje en sûnder soargen genietsje kinne. De stichting kriget gjin subsydzje fan de oerheid en is ôfhinklik fan donaasjes. Mear oer it selskip fine jo op wolkentheater.nl.

july 17, 2019 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.