Wittenskippers fine remeedzje foar klimaatferoaring

july 5, 2019 10:31

De klimaatferoaring is noch te kearen. De remeedzje: beammen plantsje. Dat sizze Switserske wittenskippers. Hja skriuwe der dizze wike oer yn it wittenskipstydskrift Science.

Thomas Crowther en syn kollega’s fan de ETH Zürich hawwe berekkene dat it boskoerflak op ‘e wrâld mei goed in fearn waakse moat. Hja litte sjen dat dat kin. It boskgebiet dat derby komme moat, moat de omfang hawwe fan likernôch twaris Europa.

En dat kin. Safolle net brûkte grûn is der wol oer op ierde. As it slagget, dan wurdt de ierde net allinne mar in stik griener, mar de nije bosken kinne sa’n 205 ton koalstof opslaan. Dat is likernôch twatreddepart fan wat de minsken de lêste twahûndert jier oan ‘e atmosfear tafoege hawwe.

Crowther seit dat hy en syn kollega’s rekken hâlde moasten mei it hjoeddeiske klimaat by it berekkenjen fan de mooglike beammeferdieling oer de wrâld. Dat is net yn de fruchtbere gebieten om ‘e evener hinne. Dêr wurdt it stadichoan sa waarm dat de beammetichtheid der ôfnimme sil. De nije oanplant sil socht wurde moatte yn ‘e gebieten dêr’t it fanâlds te kâld wie foar beammen en dêr’t de hegere temperatueren beammengroei no mooglik meitsje.

De oanplant fan beammen yn kâlde streken kin de temperatuerstiging yn waarme streken ôfremje, sadat beammegroei dêr net ûnmooglik wurdt. Saak is neffens de ûndersikers al dat der net te lang wachte wurdt mei de grutskalige oanplant fan beammen, want der giet wol in heale iuw oerhinne ear’t de nije bosken folwoeksen binne.

“It is wier net samar klear,” seit Crowther, “mar in bettere oplossing is der net. Net ien oare oanpak wurket flugger.” Hy wiist derop dat de wrâld net trochgean moat mei it fersmoargjen fan ‘e atmosfear mei noch mear útstjit fan koaldiokside. Dan is der ek mei maatregels gjin hâlden mear oan. It ferbrûk fan fossile brânstoffen moat omleech, seit de wittenskipper.

Crowther is net de earste dy’t pleitet foar it oanplantsjen fan beammen om de klimaatferoaring yn ‘e stringen te hâlden. Hy seit dat der yn ‘e jierren njoggentich al grutte beamplantprojekten yn Sina opset binne, mar dy wurken net goed út, mei’t boeren yn ruil foar subsydzje lânbougrûn brûkten foar grutte beammeplantaazjes, dy’t de grûn útbuorken. Net alle foarmen fan beplanting kinne oeral. Op guon plakken wurket it lykwols al goed. Yn Brazilië is al sa’n tweintich jier in suksesfol partikulier programma om ûntboske gebieten wer te beplantsjen.

Klik hjir foar in gearfetting fan it artikel fan Crowther-en-dy.

july 5, 2019 10:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.