Wet ferbiedt momkapen, kondukteur lit se gewurde

july 31, 2019 16:13

Foto: Alex Iby / Unsplash

Al wa’t bemomkape ta in oerheidsgebou, skoalle, sikehûs of trein yn stapt, oertrêdet fan moarn ôf de wet. Dan wurdt de Wet gedeeltelijk verbod gezichtsbedekkende kleding fan krêft. De folksmûle rept wilens fan it ‘boerkaferbod’.

De boerka, in klaad dat oer de holle hinget en inkeld de eagen frijlit, wurdt inkeld droegen troch otterdokse islamityske froulju. It is net de iennichste bedekking fan it antlit dêr’t it near op lein wurdt. Itselde jildt foar maskers, helms mei in ûntrochsichtich fizier en bivakmûtsen. It ferbod jildt net yn de ferpleechkeamers fan sikehuzen en ek net foar klean dy’t tsjin de kjeld, op ferklaaifeesten of foar it beoefenjen fan in sport droegen wurde.

Botte optein oer de nije wet binne in protte oerheden en ynstellings net. Sikehuzen en gemeenten hawwe te witten dien dat hja net fuort wat dwaan sille as ien mei in boerka oan op in plak komt dêr’t dat net mei. De Ryksoerheid hat wol de plysje it baitsje útkloppe, mei’t dy sjesjale keammerkes ynrjochtsje woe dêr’t froulju mei in boerka oanjefte dwaan kinne.

De iepenbierferfierbedriuwen yn Nederlân sille neat dwaan as ien mei in ûnsichtber antlit op ‘e trein, op ‘e tram of yn ‘e bus stapt. Hja wize derop dat oertrêding in strafrjochtsaak is en dat it de taak is fan ‘e plysje om de wet te hanthavenjen. Kondukteurs krije de frijheid om ien derop te wizen dat er him net oan de wet hâldt, mar dyselde sil net de opdracht krije en stap fan ‘e trein.

Dy’t him net oan de nije wet hâldt, kin in boete fan 150 euro krije.

july 31, 2019 16:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.