Wer nij bewiis foar klimaatferoaring troch minsklik hanneljen

july 27, 2019 20:50 Fernijd

Foto: pixabay.com

Der besteane minsken dy’t sûnder al te folle kennis fan saken roppe dat de temperatuerstiging fan hjoed de dei net mear is as in natuerlik ôfwikinkje nei boppen ta, sa’t der ek ôfwikinkjes nei ûnderen ta binne. Hja wize der dan op dat it yn ‘e midsiuwen ek frij kâld wie, wylst der oant mids njoggentjinde iuw krekt in saneamde ‘lytse iistiid’ wie, in frij kâld tiidrek.

Dizze wike binne der lykwols wer twa artikels ferskynd oer ûndersyk dat sjen lit dat de temperatuerstiging fan de ôfrûne 150 jier him yn in folle heger tempo en yn in folle grutter gebiet foardien hat as alle oare temperatuerskommelingen sûnt it begjin fan de jiertelling.

“Wis, wat men altyd seit oer de feroarlikens fan it klimaat, is wier”, seit Scott St. George, ûndersiker oan de universiteit fan Minnesota yn it Amerikaanske Minneapolis. “Mar sels as wy de perioade dêr’t wy nei sjogge útwreidzje oan de begjintiid fan it Romeinske Ryk ta, dan moatte wy konstatearje dat him noch nea in opwaarming foardien hat dy’t sels mar yn ‘e fierte liket op wat no bart, net yn it tal graden en net yn de skaal.”

De temperatuer op ierde is yn goed hûndert jier mear as twa graden stiigd. Klimaatwittenskippers binne it der yn grutte mearderheid oer iens dat it ferbaarnen fan fossile branje dêr de wichtichste oarsaak fan is. Dat feroarsaket nammentlik it broeikaseffekt. Wurdt dêr neat tsjin dien, dan kin de temperatuer de kommende tachtich jier noch mear as fiif graden omheech gean.

Ien fan ‘e twa neamde ûndersiken lit sjen dat de temperatuerdelgong yn de lytse iistiid him mar op in lyts part fan ‘e ierde foardie. Dat jildt ek foar oare temperatuerskommelingen fan de lêste twatûzen jier. It is foar it earste dat de temperatuer wrâldwiid tanimt.

It oare ûndersyk lit sjen dat de grutte feroaring begjint yn de yndustriële tiid. Feroarings foar dy tiid wiene gâns beheinder.

Ferslaggen fan de twa ûndersiken binne ferskynd yn de tydskriften Nature en Nature Geoscience. Klik om de links foar gearfettings.

july 27, 2019 20:50 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.