Weardebonregeling foar bedriuwsûntwikkeling yn mkb ophege

july 12, 2019 19:36

It provinsjehûs yn Ljouwert (foto: pixabay.com)

Der is ekstra jild beskikber foar bedriuwen yn Fryslân dy’t harren bedriuw fierder ûntwikkelje of groeie litte wolle. Foar it ûnderdiel bedriuws-ûntwikkeling fan de weardebonregeling foar it mkb wie de pot foar dit jier yn maaie al leech. Dêr komt no út oare dielen fan de regeling 225.000 euro ekstra foar beskikber.

Deputearre Sander de Rouwe: “Mei dit ekstra jild foar de mkb-weardebonregeling komme wy temjitte oan de winsk fan Provinsjale Steaten. De regeling is hiel populêr by ús ûndernimmers. It helpt in soad ûndernimmers oer de drompel om har troch deskundigen advisearje te litten oer bygelyks ynnovaasje, ferduorsuming of oer personielssaken.”

Mkb’ers yn Fryslân kinne subsydzje krije foar it fergrutsjen fan harren kennisnivo op it mêd fan bedriuwsûntwikkeling. De helte fan de kosten foar it ynskeakeljen fan in ûnôfhinklik saakkundige of dielname oan (in-company) opliedingen, treningen, seminars of kursussen binne subsidiabel. De maksimale subsydzje bedraacht de helte fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum dat ôfhinklik fan de oanfrege aktiviteit tusken € 500,- en € 2500,- leit. De regeling wurdt útfierd troch Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN).

Weardebon ek foar enerzjyprojekten
Enerzjykoöperaasjes yn Fryslân kinne ek gebrûk meitsje fan de hjoeddeistige weardebonregeling. Provinsje Fryslân wol dy enerzjykoöperaasjes stimulearje om harren projekt of businesscases fuort te sterkjen, om de enerzjytransysje nei duorsume enerzjy of it tebekkringen fan CO2‑útsjit mei mear faasje út te fieren.

july 12, 2019 19:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.