Wâldsein organisearret fan ’t simmer boeremerken

july 8, 2019 09:01

Boeremerk Wâldsein op tongersdeis mei fergees fartochtsje troch it doarp

Wâldsein organisearret fan ’t simmer fan 18 july oant en mei 29 augustus sân kear op tongersdeis in gesellige boeremerk. De merk sil holden wurde fan 11.00 oant 17.00 oere op de Waechswâl yn in sintrum fan it doarp.

Foto: Karina van Lent

De merk en aktiviteiten stean yn it teken fan it boerelibben op it plattelân, mei ûnder oare ferkeap fan farske streekprodukten, lykas fleis, tsiis, griente, fruit, huning, fisk, sjem, boere-iis, skieppefluezen, blommen en planten. Neist streekprodukten binne der ek kreammen mei oar ferrassend guod, lykas kado-artikels, houten produkten, mozayk, ierdewurk, ensfh. Alle tongersdeis sille goed tweintich diskehâlders oanwêzich wêze op de merk. By de merken binne der ferskate (berne)aktiviteiten.

Nij: folkloare op de Boeremerk op 18 july + 8 augustus + 29 augustus
Op 18 july, 8 augustus en 29 augustus sil de Snitser Skotsploech fan 13.30 oant 16.00 oere op de merk oanwêzich wêze. De dûnsgroep bestiet út manlju en froulju klaaid yn Fryske klaaiïng út likernôch 1850. De prachtige kostúms waarden eartiids op it Fryske plattelân sneins en op feestdagen droegen. De Skotsploech sil middeis optredens fersoargje.

Foto: Karina van Lent

Fergees fartochtsje
Op de Boeremerken kinne jo in fergees fartochtsje troch it doarp meitsje. Jo stappe op by de Passantehaven, deunby de merk. De boat bringt jo nei de Houtseachmûne “De Jager”. Fan dat einpunt ôf is it sa’n 5 minuten rinnen nei de Boeremerk. De kuierrûte fiert jo troch it histoarysk sintrum mei syn smelle steechjes en de gesellige Midstrjitte mei ferrassende winkeltsjes.

Untdek it histoarysk sintrum
Untdek mei in koarte kuiertocht it wettersportdoarp Wâldsein mei aardige strjitsjes en de protte unike steechgjes, de mûnen en de tsjerken. Koartsein, sfear, gesellichheid en nostalgy foar jong en âld.

Fergees oanlizze
Oerdeis kin der fergees oanlein wurde yn de nije passantehaven. De Boeremerk en it sintrum binne dêrtroch foar wettersporters tige goed te berikken.

Boeremerken Wâldsein
Data: 7x op tongersdeis, fan 18 july 2019 o/m 29 augustus 2019
Tiid: fan 11.00 oant 17.00 oere

Sjoch ek op www.facebook.com/boerenmarkt.

Foar it fjirde jier organisearret Wâldsein yn de simmerfakânsje alle wiken in unike merk op tongersdei. Sfearfolle merken, dy’t goed besocht wurde troch doarpsgenoaten, toeristen en besikers út de regio. Alle jierren wer wat grutter en oanfolle mei aktiviteiten.

 

july 8, 2019 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.