Waarpraatsje: Woansdei kâns op wat rein

july 9, 2019 18:58

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei in moaie simmerdei. Foar woansdei en tongersdei sjocht it der wat minder goed út.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is it helder en der kin op guon plakken wat damp ûntstean. Letter yn ‘e nacht rekket de loft stadichoan berûn. De swakke wyn komt út ferskate rjochtingen. Mei in temperatuer tusken de 5 en 10 graden wurdt it in frisse nacht.

Woansdei is de loft berûn en letter kin it sa út en troch wat reine. De wyn komt út it suden en is swak oant matich. Yn ‘e rin fan ‘e middei giet de wyn nei it súdwesten oant westen. De temperatuer leit tusken de 16 en 19 graden.

It bliuwt op tongersdei en freed ek net drûch, mar it wurdt dan, nei alle gedachten, wol in bytsje waarmer.

Jan Brinksma

july 9, 2019 18:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.