Waarpraatsje: Waar docht stapke tebek

july 5, 2019 17:53

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in simmerske freed sjocht it waar der foar it wykein wat minder goed út. Min wurdt it lykwols net.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon rekket de loft stadichoan berûn en soe der in bytsje rein falle kinne. By in swakke oant matige súdwestewyn wurdt it 13 graden.

Sneon is de loft earst berûn en kin it sa út en troch wat reine. Yn ‘e rin fan ‘e dei binne der, nei alle gedachten, ek wat opklearringen. De wyn giet nei it noardwesten en wurdt matich. It sil yn Fryslân net folle waarmer as 18 graden wurde.

Snein feroaret der net folle oan it waar. It bliuwt wol drûch, mar de temperatuer hellet op ‘e nij de 20 graden net.

Takomme wike bliuwt it rêstich waar mei alle dagen in temperatuer ûnder de 20 graden.

Jan Brinksma

july 5, 2019 17:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.