Waarpraatsje: Tongersdei wat waarmer

july 10, 2019 18:42

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De simmer is efkes fuort. It wie woansdei fris en der foel sa út en troch wat rein. Tongersdei, freed en sneon bliuwt it ek net hielendal drûch.

Yn ‘e nacht fan woansdei op freed is de loft berûn en kin it sa út en troch noch wat reine. De wyn komt út it suden en is swak, by de kust lâns matich. It wurdt 13 graden.

Tongersdei is de loft earst berûn en kin it sa út en troch noch in bytsje reine. Yn ‘e rin fan ‘e dei sille wy, nei alle gedachten, de sinne ek noch wol efkes sjen. Der binne dan wol hingelwolken en in bui is net útsletten. De swakke wyn giet stadichoan nei it westen. Mei goed 20 graden wurdt it wol wer wat waarmer.

Freed en sneon is der ek noch kâns op (wat) rein.

Jan Brinksma

july 10, 2019 18:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.