Waarpraatsje: Rêstich simmerwaar

july 3, 2019 19:18

DE JOUWER – It wie woansdei in kreaze simmerdei en ek tongersdei sjocht der wer goed út.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is it helder mar der kin op ‘e nij wat bewolking oer de provinsje driuwe. Op guon plakken is wat damp ek net hielendal útsletten. By in swakke oant matige noardewyn wurdt it 9 graden.

Tongersdei skynt de sinne flink mar der is sa út en troch ek (wat) bewolking. De swakke oant matige wyn komt út rjochtingen tusken it westen en it noarden. De temperatuer leit om de 20 graden hinne.

Freed feroaret der net folle oan it rêstige en noflike simmerwaar.

Jan Brinksma

july 3, 2019 19:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.