Waarpraatsje: Oar waar

july 30, 2019 17:20

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in tal tige waarme (tiisdei wie it op ‘e nij goed 25 graden) en inkelde wat minder waarme dagen wurdt it noflik mar wol (wat) ritich simmerwaar.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. Der soe in (tonger)bui falle kinne. By in matige súdwestewyn wurdt it 15 graden.

Woansdei is der kâns op inkelde flinke (tonger)buien mei mooglik in soad reinwetter. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 20 graden hinne.

Fan tongersdei ôf bliuwt it ritich mei in temperatuer om de 20 graden hinne.

Jan Brinksma

july 30, 2019 17:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.