Waarpraatsje: Noflik simmerwaar

july 4, 2019 18:00 Fernijd

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei al wer in hiel kreaze simmerdei is der freed wat mear bewolking.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed rekket de loft berûn. By in matige westewyn wurdt it 14 graden.

Freed is der earst bewolking, mar geandewei de dei lit de sinne him ek sjen. De wyn is matich en komt út it westen. It wurdt tusken de 18 en 22 graden.

Yn it wykein feroaret der net folle oan it stabile waar.

Jan Brinksma

july 4, 2019 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.