Waarpraatsje: Noflik simmerwaar

july 1, 2019 19:09

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei in hiel kreaze dei, mar wol mei in flink stik wyn. It bliuwt foarearst noflik simmerwaar.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei rekket de loft berûn. In dripke rein of in lytse bui is net hielendal útsletten. De wyn komt út it noardwesten en is swak oant matich. By de kust lâns stiet wat mear wyn. It wurdt 13 graden.

Tiisdei wikselje bewolking en (wat) sinne inoar ôf. In lytse bui is op ‘e nij net hielendal útsletten. By in matige wyn út it noardwesten oant it noarden wurdt it krekt gjin 20 graden.

De oare dagen fan ‘e wike feroaret der net folle oan it waar.

Jan Brinksma

july 1, 2019 19:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.