Waarpraatsje: Moarn ûnwaarsbuien, dêrnei hjit

july 19, 2019 19:16

foto © Jan Brinksma

Yn de nacht fan freeed op sneon is der frijwat bewolking. Dêrtroch sakket de termometer net leger as oant 17 graden.

Sneon oerdei is it earst noch drûch en ek wolris sinnich, mar yn ’e rin fan ’e moarn komme der fan it westen út buien en kinne wy de rest fan de dei op ûnwaar rekkenje, mei kâns op heil en wynstjitten. It bliuwt waarm.

Snein miskien earst noch in bui, mar fierder moai en waarm waar.

Moandei en tiisdei sil it tige hjit wurde.

De waarwaarnimmer

july 19, 2019 19:16
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Jabik july 21, 08:35

    Mei ûnwaarsbuien sille wol tongerbuien bedoeld wurde. Unwaar is heal Hollânsk. Sjoch ek Unwetter en Gewitter.

  2. Redaksje july 21, 15:17

    Jabik, jo hawwe gelyk, tongerbuien of swier waar hie wol sa aardich west. Lykwols wurdt ûnwaarsbui wol as in Fryske wurd beskôge. It stiet yn de list van Fryske wurden. yn it Frysk Hânwurdboek (dêr’t it net as in hollanisme yn oanmurken wurdt) en yn it Wurdboek fan de Fryske Taal.

  3. Henk Wolf july 21, 15:21

    ‘Unwaar’ is net perfoarst heal Hollânsk. It Hollânske ‘onwe(d)er’ en it Fryske ‘ûnwaar’ betsjutte fan oarsprong beide ‘min waar’ en dan yn it bysûnder waar dat sa min wie dat men jin better net bûtendoar weagje koe. Yn it moderne Nederlânsk is dy betsjutting ferfongen troch ien dy’t in stik spesifiker is, nammentlik ‘waar mei tonger en wjerljocht’. It Frysk hobbelet dêr wat achteroan en dêr kin men byneed krityk op ha, mar yn de âlde, brede betsjutting is der gjin reden om ‘ûnwaar’ te mijen. Yn de taaldatabank binne teksten út 1640 te finen dêr’t ‘ûnwaar’ al yn dy betsjutting yn foarkomt.

  4. Jehannes Elzinga july 22, 18:51

    Ek it wurd “hjit” fyn ik gjin moai Frysk, “gleon” heart my Frysker yn de earen as it om waar giet.
    Oan’e oare kant is “hjit daaie” wol wer moai Frysk,

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.