Waarpraatsje: Fris

july 7, 2019 19:47

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in fris wykein mei op sneon ek in skoft rein. It bliuwt foarearst oan de frisse kant.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. Der is boppedat kâns op in bui. De wyn komt út it westen oant noardwesten en is swak oant matich. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet wat mear wyn. It wurdt 10 graden.

Moandei skynt de sinne sa út en troch, mar der is ek bewolking en der kin in bui falle. By in swakke oant matige noardwestewyn wurdt it net folle waarmer as 18 graden.

Tiisdei en woansdei feroaret der net folle oan it waar.

Jan Brinksma

july 7, 2019 19:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.