Waarpraatsje: Freed ek net drûch

july 11, 2019 19:39

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in reinige mar wol mylde tongersdei sil it freed ek net drûch bliuwe.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed binne der earst inkelde opklearringen en kin der op in soad plakken damp ûntstean. Yn ‘e rin fan ‘e nacht rekket de loft berûn en sil it wer wat reine. By in swakke súdwestewyn wurdt it 14 graden.

Freed kin it earst noch wat reine. Letter wikselje sinne en bewolking inoar ôf en ûntstean ek buien. De swakke oan matige wyn giet stadichoan nei it westen oant noardwesten. De temperatuer leit om de 20 graden hinne.

Sneon is it ek noch wat ritich.

Jan Brinksma

july 11, 2019 19:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.