Waarpraatsje: Earst noch ritich

july 12, 2019 18:30 Fernijd

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie freed yn Fryslân, op in inkelde flinke bui mei tonger nei, in hiel aardige simmerdei. Op guon plakken yn ’e midden fan Nederlân gie it der, mei tongerbuien en stjalprein, lykwols om wei. Der wie in soad oerlêst. Yn it wykein bliuwt it wat ritich.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon rekket de loft op ‘e nij berûn en letter kin it wat reine. By in swakke oant matige noardwestewyn wurdt it 14 graden.

Sneon is der earst in soad bewolking en kin it noch wat reine. Letter binne der ek opklearringen. De matige wyn komt út it noardwesten en de temperatuer leit om de 20 graden hinne.

Snein feroaret der net folle oan it waar. It wurdt dan wol in bytsje frisser.

Begjin takomme wike leit de temperatuer krekt ûnder de 20 graden en bliuwt it, sa goed as, drûch.

Jan Brinksma

july 12, 2019 18:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.