Univé: Sjoch yn fakânsje út by sikehûskosten yn bûtenlân

july 25, 2019 15:28

Foto: pixabay.com

Earste help yn in fakânsje yn it bûtenlân kin aardich yn de papieren rinne. Dy kosten kinne gâns heger útfalle as de fergoeding dy’t de basisferskering dêrfoar betellet. Dêrom komt Univé mei de tema-site Onbezorgd op Vakantie. Dêr is foar de populêrste fakânsjelannen en de Feriene Steaten op te finen wêr’t om tocht wurde moat om in fakânsje sûnder soargen te hawwen.

Ut ferhalen fan minsken mei minne ûnderfiningen wurdt dúdlik dat guon fakânsjegongers djip yn de skulden rekke binne troch earste help yn private kliniken. Yn Europa is troch de European Health Insurance Card (EHIC) in prottte goed regele. Steatssikehuzen akseptearje de EHIC fakentiden wol, mar by private kliniken kinne de kosten in stik heger lizze as yn Nederlân. Dat is benammen it gefal yn Turkije, Spanje en Grikelân, dêr’t toeristen faak automatysk nei in priveeklinyk stjoerd wurde.

Foarbylden
In brutsen ankel, dêr’t yn Nederlân € 500 foar fergoede wurdt, kin yn priveekliken yn ûndersteande lannen dêr it mearfâld fan kostje:

  • Turkije € 3.000
  • Spanje € 2.500
  • Portugal € 2.500
  • Dútslân € 2.000
  • Eastenryk € 2.000
  • Grikelân € 1.500

Bûten Europa kin dat noch folle heger útfalle. Yn de Feriene Steaten kin dat wol € 10.000 kostje. It is dan ek fan belang om oer dat aspekt fan de fakânsje goed nei te tinken en dêr de goede ferkering foar ôf te sluten.

july 25, 2019 15:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.