Unbehindere fûgels bestrune

july 2, 2019 18:50

foto © Jan Tijsma

Juster is yn de Rysterbosk in moderne fotohutte yn gebrûk nommen bedoeld foar elkenien dy’t moaie plaatsjes nimme wolle. Direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea en âld-meiwurker Hans Pietersma iepenen de hutte mei in earste foto fan in baaiplak foar fûgels. Der sitte dêr in protte fûgels lykas de griene spjocht, de blauspjocht en putters, mar de hauk en de mûzefalk sitte der ek in soad. Der binne net folle hutten yn Fryslân dêr’t boskfûgels fan sa tichteby te fotografearjen binne. En it is de earste fotohutte yn Fryslân dy’t in dei reservearre wurde kin.

Jierren lyn hat Hans Pietersma, dy’t doe distriktshaad by It Fryske Gea wie, op itselde plak al sa’n selde hutte delset. Dat wie lang in ferburgen peareltsje yn de Rysterbosk, mar hy waard de lêste tiid amper noch brûkt.

By de lêste ferbouwing fan it distriktsgebou kaam it idee op om de fotohutte ek oan te passen. Hy krige fan binnen en fan bûten in bêste opknapbeurt, mei it doel om him te ferhieren. Hy is no foarsjoen fan stroom, in USB-oansluting, in hingstatyf foar de kamera, ferwaarming en in heechweardich spegelglêsfinster. De hutte beskikt oer in pear maklike stuollen yn hy is ûnopfallend te berikken, sadat gjin fûgels steurd wurde.

In dei te hier
De hutte is op seis dagen yn ’e wike foar ien dei te hieren. Ideaal foar fûgelers dy’t him graach in dei foar harsels hawwe wolle. Han Bouwmeeser, dy’t mear fotohutten ferhiert, hat it tafersjoch. De ynkomsten út it ferhieren wurde brûkt foar ûnderhâld en tasicht en foar it wurk fan It Fryske Gea.

Mear ynformaasje: www.itfryskegea.nl/splinternieuwe-fotohut-rysterbosk/

july 2, 2019 18:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.