Tsjerkepaad Raerd: aadlike klaaiïng

july 29, 2019 10:30

Yn de Laurentiustsjerke fan Raerd is fan ’t simmer op sneontemiddeis in eksposysje te sjen fan klaaiïng út de 18e en 19e iuw. De kâns is grut dat in part fan dy klean ôfkomstich is fan de aadlike famylje Van Slooten, dy’t fan 1866 oant 1912 op Jongemastate yn Raerd wenne. Ferline jier kaam de klaaiïng foar it ljocht út in hutkoffer dy’t al jierren op in souder yn Arnhim stie.

Foto: Laurentiustsjerke Raerd

It begûn allegear mei in berjochtsje yn de Ljouwerter Krante earne yn de simmer fan 2018. Dêr stie yn dat op de souder fan it pear Dieben-Brantsma yn Arnhim al jierren in hutkoffer stie, mei dêryn klean út de 18e en 19e iuw. Se giene derfan út dat dy koffer ôfkomstich wie fan Jongemastate yn Raerd en der wie dus in ridlike kâns dat de ynhâld dêr ek wei kaam. Yn dat ferbân waard de name Maria Clara van Sminia neamd. De link wie doe gau lein: hja wie de frou fan boargemaster Adrianus Henricus van Slooten en leit mei har man begroeven binnen it stek by de yngong fan de tsjerke.

Yn it berjocht stie dat de klean op dat stuit by de Erfgoed Fundaasje yn Ljouwert wiene om ynventarisearre te wurden. Dat is ûnderwilens bard troch frou Gieneke Arnolli, earder konservator fan it Frysk Museum. It bliek te gean om in fariearre kolleksje fan net allinnich jurken, mar ek oare klean. De bedoeling is dat de hiele kolleksje rillegau ferhuzet nei Fogelsanghstate yn Feankleaster, dêr’t de klean in permanint plak krije sille.

Mar foar’t it safier is, is in part fan de klean te sjen mei de tsjerke-iepenstelling op sneontemiddeis (13.30-17.00 oere) yn de Laurentiustsjerke. Dêrneist wurde yn de eksposysje foto’s toand, dy’t troch de famylje Van Slooten spesjaal foar de gelegenheid beskikber steld binne. En it tsjerklik argyf befettet in tal dokuminten, dy’t ek te sjen wêze sille. Sa dûkte sawol de skinkingsakte fan it park Jongemastate fan de famylje oan de tsjerkfâdij út 1912 op as de oerdrachtsakte fan tsjerke en famylje oan It Fryske Gea yn 1947. Nijsgjirrich is ek de brief fan in tal Raerders oan de tsjerkfadij, dêr’t se harren grutte noed yn uterje oer de fernielings dy’t yn it park oanrjochte wurde. Dat wie yn it jier 1917, dus fiif jier nei it fuortgean fan de Van Slootens út Raerd.

De eksposysje is foar it lêst te sjen op sneon 14 septimber, yn it Iepen Monumintewykein.

july 29, 2019 10:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.