Trump hat jild om in stik grinsmuorre te bouwen

july 27, 2019 04:21

Foto: Wikipedia/Michael Vadon

De presidint fan ‘e Feriene Steaten, Donald Trump, hie der kampanje mei fierd: hy soe in muorre bouwe op ‘e grins mei Meksiko om yllegale ymmigraasje tsjin te gean. It waard in fûl bedikusjearre ûnderwerp, mei útsprutsen foar- en tsjinstanners. Allinnich lei de bou fan ‘e muorre al gau stil, om’t in rjochter de finansiering as ûnwettich beoardiele.

Trump hie nammentlik 885 miljoen euro fan de begrutting fan it ministearje fan definsje ornearre four de bou. Dat jild wie al foar oare doelen ornearre. De rjochter oardiele dat it net tastien is om it dan samar in nije bestimming te jaan. Yn heger berop bleau dat oardiel stean, mar doe’t it regear nochris yn heger berop gie, wizige dat. It Heechgerjochtshôf, de heechste rjochtbank fan it lân, ferneatige it oardiel fan de legere rjochters.

Dat barde nei stimming ûnder de heechste rjochters mei in lytse mearderheid. De stimferdieling wie neffens politike skiedslinen: de fiif konservative rjochters keazen Trump syn kant, de fjouwer progressive rjochters woene de oardielen fan de oare rjochters hanthavenje.

Der is noch folle mear jild nedich foar de muorre. Om it parlemint ûnder druk te setten om dat jild frij te meitsjen hat Trump yn febrewaris de needtastân útroppen.

july 27, 2019 04:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.