Tour d’Encore – de tour as sportive opera

july 4, 2019 07:49

Mei Trio d’Encore: Caspar Vos, Koen Stapert en Marcus van den Munckhof.

Fan ’t simmer reizgje de freonen fan Trio d’Encore (Caspar Vos [piano], Koen Stapert [fioele]  en Marcus van den Munckhof [sello] yn harren kemper mei de Tour de France mei. Harren dielde passy foar sawol muzyk as hurdfytsen is de basis foar dizze unike trip Tour d’Encore (NTR): prachtige keamermuzyk en ferhalen dy’t fier boppe de Col du Galibier (2646 m.) útstiigje.

De kopgroep (foto: NTR)

De Tour d’Encore: in sportive opera dêr’t it publyk de moaiste ferhalen yn te hearren en te sjen kriget. Ferhalen oer leafde, wanhoop, skandalen, trageedzje en eufory. Under it biedwurd ‘Muzyk is hurdfytsen en hurdfytsen is muzyk!’ reizgje Vos, Stapert en Van den Munckhof acht dagen mei de Tour-karavaan mei, op syk nei legindaryske ferhalen op it snijflak fan muzyk en hurdfytsen. It resultaat? Acht spannende etappes, acht legindaryske ferhalen en acht ultime tajeften.

Besjoch de trailer.

Sa ferklanke Josef Strauss de foarrinner fan de moderne racefyts yn syn polka galop neamd Vélocipède. Komponisten Chopin, Berlioz en Schumann hawwe krekt as in protte hurdfytsers in relaasje mei ferbeane middels. Edith Piaf ûnderhold soppige affêres mei bekende Tour-hurdfytsers. En de Frânske komponist Ernest Chausson kaam op syn racefyts om it libben. Dat en en mear komt oan bod yn Tour d’Encore.

Utstjoering: fan 8 t/m 16 july alle dagen te folgjen op nporadio4.nl en youtube.com/radio4.

july 4, 2019 07:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.