Toeriste-ynformaasjepost (TIP) Eastermar iepenet TIP Toko

july 19, 2019 08:57 Fernijd

Toeriste-ynformaasjepost (TIP) Eastermar hat de TIP-Toko, in twadde ynformaasjepost, iepene yn Eastermar. It konsept fan de TIP-Toko is nij: besikers fan Eastermar wurde troch saneamde TIP’pers wolkom hjitten en fan ynformaasje oer Eastermar foarsjoen. Nij is ek de mooglikheid fan ‘moetsje en lien in Eastermarder’. De TIP-Toko is fêstige yn it havengebou op De Komerk en is yn de simmermoannen iepen fan moandeis o/m sneons fan 14.00 oant 17.00 oere.

Persoanlik kontakt neist digitale ynfo
Feriening TIP hat ta doel rekreaasje en toerisme yn Eastermar te befoarderjen. In jiermannich lyn late TIP in min ofte mear sliepend bestean. De tradisjonele folderpost waard nammentlik minder besocht mei’t besikers tsjintwurdich in protte praktyske ynformaasje fia ynternet opsykje. “De ûnderfining leart lykwols dat de besiker it dochs noflik fynt om yn it plak sels ek noch it ien en oar neifreegje te kinnen en bygelyks in papieren rûtekaart mei te nimmen”, fertelt Sjouke Wijnsma fan doarpssupermerk ‘Alles ûnder ien dak’, dêr’t de oare ynformaasjepost fan TIP fêstige is.

It Komerk havengebou lient him poerbêst foar ûntfangst fan de besikers fan Eastermar: krekt lykas de doarpssupermerk midden yn it doarp, goed sichtber foar passanten dy’t mei de boat yn Eastermar komme en lizzend oan besteande fyts- en kuierrûtes. It TIP-bestjoer is dan ek tige bliid dat Stichting De Komerk it gebou beskikber stelt oan TIP. “As Komerk-bestjoer sjogge wy graach dat it Komerk-gebou mear brûkt wurdt. Wy stypje it inisjatyf fan de TIP-Toko fan herte”, seit ponghâlder Pieter van Hoekeen dy’t in skoftke lyn it inisjatyf naam om in ynfolling te finen foar it havengebou, sadat it mear brûkt wurdt foar it doarp.

It eksperimint fan de TIP-Toko bliek de earste moanne in súkses. “Minsken wurdearje de petearen mei ús TIP’pers. Yn sa’n persoanlik kontakt komt fan alles oan ’e oarder, dat faak net allinnich giet oer wat der yn en om Eastermar te dwaan is. Wy wolle op dy wize foaral ek de gastfrijheid fan Eastermar yn ’e praktyk bringe”, seit Wijbe Postma, foarsitter fan Feriening TIP en sels ek ien fan de TIP’pers. Feriening TIP wurket inkeld mei frijwilligers: de eigner fan de doarpssupermerk en njoggen TIP’pers yn de TIP-Toko.

Nei it súkses fan de earste moanne, is besletten om de TIP-Toko, dat gasthearskip en ferskate foarmen fan ynformaasje biedt, fan ’t simmer fuort te setten. Woansdei 10 july is de TIP-Toko offisjeel yn gebrûk naam. De TIP’pers hjitte jo fan herte wolkom yn/by it havengebou op Rekreaasjegebiet De Komerk, Snakkerbuorren 1 yn Eastermar.

july 19, 2019 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.