Sybren Singelsma: De nije lieders fan Europa

july 8, 2019 10:31

Skôging

Der hat in soad krityk west op de wize dêr’t de nije lieders fan Europa op keazen binne. Benammen it Europeesk Parlemint (EP) fynt it net demokratysk, efterkeammerkes-bedigenerij. Koartsein grutte wurden. Mar dat falt wol ta. De besteande regels binne respektearre. Dan moat it de regels mar feroarje. Nee, it EP wie boas om’t it syn sin net krige hat. It EP hie kampanje fierd mei twa ‘spitzenkandidaten’, en gjin ien fan beide – Manfred Weber en Frans Timmermans – is it wurden. Mar de foarsitter fan de Europeeske Kommisje wurdt no ienkear oansteld troch it EP en de Ried fan Regearingslieders. Mei Juncker hat it EP yn 2014 syn sin krige, yn 2019 mei Von der Leyen net. Soms wint men, soms moat men jins ferlies nimme. Dat heart derby. En Timmermans hat noch wol serieus kandidaat west, dus al te folle kleie kin it EP ek net.

Der is al in soad skreaun oer de spultsjes dy’t spile binne op de top en oer de slimmichheidsjes. Mar yntinsjes blike út de resultaten, dus lit ús ris sjen wat it einresultaat is.

  1. Spitzenkandidaten hawwe it dreech. It systeem fan de spitzenkandidaten koe wolris ôfdien hawwe. De liberalen binne mei de Frânske presidint Macron sterker wurden, en dy lêste is net ree om de macht troch sa’n systeem automatysk oan de kristendemokraten te jaan, want dêr komt it spitzenkandidatesysteem op del no’t de sosjalisten yn de nederklits sitte.
  2. De ynset telt. Der stie yn 2019 mear op it spul as yn 2014. Mei’t de posysje fan de foarsitter fan de Europeeske Sintrale Bank (ESB) tagelyk fakant kaam mei dy fan de Europeeske Kommisje (EK), stie der in soad op it spul. En dêr is hurd om fochten. Dat jout oan dat de Europeeske regearingslieders de Europeeske Uny fan it grutste belang achtsje, wat se der sels ek fan sizze meie.
  3. De Frânsk-Dútske as. De Frânsk-Dútske gearwurking hat bepalend west. No’t de Britten de Uny ferlitte, ha dy gjin ynfloed mear. Mochten de Britten oars noch wolris mei oare grutte lannen lykas Spanje, Italië en Poalen oparbeidzje om de Dútsk-Frânske alliânsje te ferdielen, dat spul is út. Italië stiet op it stuit swak trochdat it de begrutting net op oarder hat en dêr hat it Europa by nedich. Poalen wie drok dwaande om Frans Timmermans tsjin te hâlden. Allinnich Spanje hat noch meispile en hat Josep Borrell as bûtenlânfertsjinwurdiger yn ’e wacht sleept, troch goed op te arbeidzjen mei Macron en Merkel. Mar it resultaat is in Dútske foarsitter fan de EK, en in Frânske foarsitter foar de ESB. Foar Macron is dat wichtich. Hy wol in eigen begrutting foar de eurosône, in eigen minister fan finânsjes en in Europeesk Fûns, dat lannen mei begruttingsproblemen te help sjitte kin. Dan is in wat ‘politikere’ topman fan de ESB handich, en Christine Lagarde is in politika, gjin sintrale bankier. Dy priis ha de Dútsers betelje moatten om Von der Leyen foarsitter fan de EK te meitsjen. Mar it is ek wol wer in teken: Dútslân giet der dus fan út dat de politike inisjativen fan de EK wichtiger binne as wat de ESB noch dwaan kin op ekonomysk mêd. Goed dat Drgahi de eurosône rêden hat nei de bankekrisis, mar no fine de Dútsers dat in tal fan grutte problemen, lykas migraasje, de ferhâlding mei Amearika en Sina, op Europeesk nivo oplost wurde moat. Dus dan leaver in Dútske politika oan it roer fan de Kommisje as fan de ESB.
  4. In oare posysje fan Nederlân. Nederlân hat him dellein by it feit dat de rol fan it Feriene Keninkryk útspile is, en hat him nestele tusken Frankryk en Dútslân. Nederlân hat nea sa pro-Frankryk west, mar mei’t Macron in soarte fan liberaal is, koe Rutte de partijpolitike kaart lûke om dy alliânsje te meitsjen. Rutte hat syn rol spile, mar lykas de sosjalistyske premier Sánchez fan Spanje troch it Frânsk-Dútske belied mooglik te meitsjen. Wy sille dy nije oriïntaasje fan Nederlân noch wol weromsjen yn de takomst.
  5. De Europeeske politike partijen. De politike partijen hawwe in wichtige rol op de eftergrûn spile om de ferskillende kompromissen mooglik te meitsjen. Dêrmei binne se wichtiger wurden. Mar se sille der ek wol foar soargje dat Von der Leyen it griene ljocht fan it EP kriget, tink ik sa.
  6. East-Europa wint neat. De grutte ferliezers binne de East-Europeeske lannen. Goed, se hawwe Frans Timmermans blokkearre om’t er him bemuoide mei de rjochtssteat yn Poalen, mar dat is negative enerzjy. Yn positive sin ha se neat foar harrensels út it fjoer sleept.

De radikale partijen hiene de ferkiezingen foar it EP al ferlern. Dat is troch Frankryk en Dútslân ynterpretearre as in frijbrief om mei de Europeeske yntegraasje fierder te gean. Wy kinne inisjativen op ekonomysk en polityk mêd ferwachtsje. Ik tink oan de eurosône en fierders benammen de rol fan Europa yn de wrâld, sjoch Trump en Sina.

Al mei al giet it opbouwen fan in Europeeske federale struktuer gewoan troch, ek foar Fryslan goed om op yn te spyljen.

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
july 8, 2019 10:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.