Supermerk LIDL biedt ekskús oan foar “ongemak” fan Frysk pratend personiel

july 31, 2019 17:06

Foto: Unsplash / Aline Grubyak

Dat der yn Fryslân Frysk praat wurdt, is net foar elkenien fanselssprekkend. In frou út IJmuiden dy’t nei Lauwerseach ferhuze is en yn Dokkum om boadskippen gie, steurde har deroan dat it personiel Frysk tsjin har prate. Hja neamde Karwei en Lidl as winkels dêr’t dat barde en melde dat yn jannewaris op Twitter.

Lidl reagearre fia in meiwurker dy’t Dave hjit. Hy bea út namme fan Lidl twaris ekskuzes oan, neamde de taalsituaasje in “ongemak” en skreau dat der in melding nei it filiaal gean soe, sadat se der dêr oer prate koene. Yn in earste reaksje neamde Lidl it Frysk ek “een buitenlandse taal”.

De frou hie it earst oer “stug Fries” en oer “een jongeman achter de kassa die het vertikte” om Nederlânsk te praten, mar reagearre yn oare berjochten begrypfoller. “Praat dan Nederlands of eventueel langzamer en duidelijk”, skreau hja.

It is net bekend oft der wolris klanten klage hawwe oer personiel dat “it ferpoft om Frysk te praten” en oft Lidl dêr ek op reagearre hat.

De berjochten steane hjirûnder.



Hjir is in link nei de oarspronklike diskusje.

july 31, 2019 17:06
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Sybren july 31, 18:53

    Dan mar net mear nei de LIDL!

  2. Wirbel010 augustus 1, 08:14

    Dizze frou moat fuort bliuwe út Fryslân en werom ferhúzje nei Hollân. Kin se dêr wer moai it Marokkaanske praten fan de fakkenfullers oanheare.

  3. Obe Bruinsma augustus 1, 09:13

    Wat is dit no, ik wol yn Fryslân in it Frysk oansputsen wurde!

  4. Henk Stielstra augustus 7, 16:12

    Hjir gjit iT om, Haar vader is Groninger, die ferstjit se wol. Lit se mar moai ien Grins winkeljen gean, der wennet se .

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.