Subsydzje foar húsdokters yn Fryslân

july 26, 2019 12:48

yllustraasje www.pixabay.com

Húsdokters kinne subsydzje oanfreegje foar it ferbouwen fan besteande of it bouwen fan nije praktiken yn Fryslân. Dêr is € 325.000 foar beskikber. Dêr wol de provinsje mei bydrage oan it fuortbestean fan de soarch troch húsdokters. De subsydzjeregeling stiet op www.fryslan.frl under subsidieregeling huisartsenpraktijk Fryslân.

Foar it ynhieren fan in ekstern adviseur dy’t by it opstellen fan in fêstgoed- of húsfêstingsplan helpt, kin dat subsydzje ek ynset wurde. De oanfreegjende dokter moat wol yn Fryslân fêstige wêze of him/har dêr binnen twa jier fêstigje wolle.

De regeling sil fan 30 septimber oant en mei 3 desimber 2019 iepenstean. In oanfraach freget in soad foarwurk, dêrom dat de provinsje de regeling no al bekendmakket. It ynhieren fan in ekstern adviseur is mooglik oant it subsydzjeplafond berikt is of oant uterlik 1 juny 2021.

11huisartsen
De soarch fan húsdokters yn Fryslân stiet ûnder druk. It tal húsdokters sakket en it docht bliken dat it dreech is pm nije te finen. Yn ûnder oare Ljouwert liedt dat al ta nuodlike situaasjes. De provinsje en de húsdokterferiening setten dêrom ferline jier mei de kampanje 11huisartsen útein. Dêr wolle se jonge húsdokters waarm mei meitsje foar in praktyk yn ien fan de Fryske doarpen of stêden. Se wize op de mooglikheden en foardielen fan in karriêre yn Fryslân. De kampanje levere oant no ta 15 potinsjele kandidaten op.

july 26, 2019 12:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.